Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING003104 - tsjoensters.

Een sage (mondeling), van maandag 14 mei 1962 t/m woensdag 23 mei 1962

Hoofdtekst

Ien fan de tsjoensters hie in potwinkel. Dêr moasten wy ris hinne om in potdeksel. Wy krigen de mjitte mei. Hwat tichter wy by it hûs kamen, hwat banger wy waerden. Mar op it lêst wierne wy dochs oer de âld bult hinne en by it winkeltsje.
"Tetsje!"
"Ja, hwat is der?"
Wy diene ús boadskip en hja skarrele in deksel op.
"Kom mar mei yn 'e hûs. Dan krije jim in kopke kofje."
Dat waerd der net better op. Mar wy doarsten ek net heal to wegerjen. Wy wisten wol, as wy hwat ieten ôf dronken en it stuts yn de kiel, dan waerden wy bitsjoend.
En nou die it âld wiif ek noch sjerp troch de kofje. Bah.
"Nou, drink it mar op."
Wy preauden ris, mar fielden neat. Ik tocht by my sels:
"As ik hwat fiel, dan smyt ik har de kop tsjin de kop."
Mar der barde neat en wy kamen goed thús.

Onderwerp

SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste    SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste   

Beschrijving

Ondanks angst voor betovering durven kinderen een kop koffie bij een heks niet te weigeren, maar er gebeurt niets.

Bron

Collectie Keuning, verslag 31, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Tetsje    Tetsje   

Plaats van Handelen

Harkema-Opeinde    Harkema-Opeinde