Hoofdtekst
Trije mannen, dy hwat tofolle dronken hiene, rounen op de Krúswei. Hja praetten ôf, dat hja de earste de bêste, dy hja tsjinkamen, werom jeije soene. Neist mekoar namen se de hiele wei yn bislach. De lytste roun yn it midden. Dejinge, hwer it slachtoffer op oanroun, moast him it earst oanpakke. Nou, hja troffen it net. De earste, dy 't hja tsjinkamen, wier Sterke Jerke. En hy roun midden op de wei. Mar de lytse man die, hwat ôfpraet wier. Hy pakte Jerke by it boarst en stompte him efterút. Dit kaem Jerke tige ûnforwachts oer. Hy stroffele earne oer en foel efteroer yn de berm fan de wei.
Mar hy wier gau oerein, pakte de lytse man beet en smiet him oer de sleat hinne. En de oare beide makken, dat se oan kant kamen.
Mar hy wier gau oerein, pakte de lytse man beet en smiet him oer de sleat hinne. En de oare beide makken, dat se oan kant kamen.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Mannen die hebben afgesproken om de eerste persoon die ze tegenkomen te pakken te nemen, komen Sterke Jerke [Hearke] tegen. Nadat hij is aangevallen pakt hij een man en gooit hem over de sloot.
Bron
Collectie Keuning, verslag 31, verhaal 11 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Krúswei   
Kruisweg   
Jerke   
Hearke   
Plaats van Handelen
Harkema-Opeinde