Hoofdtekst
Hjir wie in man, dy hie in wyt burd oan it kin, dat yn in punt útroun. De geitesik neamden wy him. Mar wy fortrouden him neat.
Min sei, dat hy tsjoene koe. Op in kear rieden myn maet en ik de wei lâns, hwer hy oan wenne. Myn maet ried foarop. Mar hy bigoun al stadiger to riden. Hwer kaem dat fan? Foar him roun in wite wynhoun, mar dy hie in geitekop mei hoarnens. Myn maet koe noait tichter by it bist komme as hjirwei oan de wei ta. En de houn roun mar hiel sunich. Doe sei myn maet in pear geastlike wurden- sa fan:"Heer, help ons uit deze nood -". Doe bigoun it hwat to waeijen, de blêdden oan de beamen bigongen to ritseljen en wei wie it bist. It wie fansels de "geitesik" west.

Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Fietser moet steeds langzamer rijden omdat witte windhond met een geitenkop het tempo bepaalt. Na het aanroepen van God verdwijnt de hond.
Bron
Collectie Keuning, verslag 39, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Heer   
Plaats van Handelen
Harkema-Opeinde   