Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING004604 - bang makkerij.

Een mop (mondeling), maandag 25 juni 1962

Hoofdtekst

"'k Sil jo ek noch in staeltsje fortelle, hoe de minsken mekoar bang makken.
It wie al slim, hoe bang in protte minsken froeger wienen foar spûken en tsjoensters. In kloftsje manljue kamen geregeld by mekoar en praetten dan sa 'n hiele joun oer spûken en sa. As it dan hwat let waerd, doarsten guon hast net nei hûs. Ien foaral wie tige bang.
Doe praetten in pear manljue ôf, dat hja dizze man noch ris tige bang meitsje soenen. Sy makken in gat yn de flier mei in lûk der oer en wol op it plak, wer de bangeskiter altyd siet. Hja setten syn stoel op it lûk. De jouns fan de gearkomste, gong ien fan har ûnder it lûk sitten. En doe 't de oaren kamen, mar wer tige prate oer tsjoensters en sa en foaral oer de duvel. En doe 't sy it dêroer hienen, tilde de man ûnder de flier it lûk mei de man dy der op siet hwat omheech en liet it spul doe wer ploffe. De man boppe it lûk fleach fan binaudens de doar út en nei hûs, sa hurd as hy koe.

Beschrijving

Voorbeeld hoeveel angst mensen kunnen hebben voor heksen, duivel, spoken.

Bron

Collectie Keuning, verslag 46, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)