Hoofdtekst
Us heit is berne yn 1829 en stoarn yn 1909. Hy fortelde my ris: Hy wie arbeider by in boer yn Aldeskoat. Der tsjinne ek noch in feint by dy boer. Dêr yn Skoat stie in herehûs, dat biwenne waerd troch in baron. Op in keamer yn de boppefordjipping fan dat hûs wie nachts tusken 12 en 2 ûre altyd it ljocht op. Heit en de feint wierne tige nijsgjirrig hwat dy âld baron dan noch út 'e wei sette.
Op in nacht gongen se mei in ljedder hoasfuotling nei de villa, setten de ljedder ûnder in raem, dat ljocht wie en heit klom as earste nei boppen. Hy hie noch mar krekt de holle boppen de finsterbank, ôf hy kaem al wer nei ûnderen, alhiel forbluistere.
"Ik ha genôch sjoen," sei hy. De feint woe ek sjen, hwat dêr barde, mar hy wie noch mar healwei, doe kaem hy al wer nei ûnderen. Sa stil mooglik hellen hja de ljedder nei ûnderen en makken dat se thús kamen.
De oare moarns kaem de baron by de pleats en frege ôf de arbeider en de feint der ek wierne. Doe 't dy foar him stienen, sei hy: "Hwat jim fan nacht úthelle ha, moatte jim nea wer prebearje." Wy holden earst út, dat wy neat dien hiene, mar de baron sei: "Hoe ik it wyt, komt der neat op oan, mar ik warskouwje jim. As it wer bart, is it jimme dea."
Ik frege heit, hwat hy dan sjoen hie, mar dêr woe hy net oer prate. Hy sei noch al, dat de baron him sels oan de duvel forkoft hie. In skoftsje letter founen se him dea yn syn keamer lizzen.

Onderwerp
SINSAG 0881 - Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.   
Beschrijving
Uit nieuwsgierigheid waarom rond middernacht in een herenhuis licht brandt, gaan mannen kijken en zijn verbijsterd wat ze zien en vertrekken. De baron waarschuwt dit nooit weer te doen, want het betekent hun dood. Hijzelf wordt later dood in het huis gevonden, hij zou zich aan de duivel hebben verkocht.
Bron
Collectie Keuning, verslag 49, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Aldeskoat   
Skoat   
Oudeschoot   
Plaats van Handelen
Oudeschoot   