Hoofdtekst
In mounder brocht ris mei syn moalwein moal by in boer. Wylst hy in sek moal yn de skuorre brocht, waerd it nije weinkleed stellen. Hy gong nei Hinke ta, om to hearen, of dy ek wist, hwa it dien hie. Foar hy hwat sein hie, sei Hinke al, hwat syn boadskip wie. Hja miende, dat it oer stellene klean gie. Mar hja sei der by: "It is in nij blau kleed. En der stean letters op. Guon net sa fier ôf rinne yn it koart yn kilen fan de selde kleur. Tink dêr mar om, dan wite jo genôch." En it kaem ek út.
Beschrijving
Uitkomen van voorspelling door kaartlegster dat mensen in kleding lopen die gemaakt is van gestolen dekkleed.
Bron
Collectie Keuning, verslag 49, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Hinke Kaart (Hinke Pieters Spoelstra, Warga 1836-Nieuwebrug 1912), werkzaam als kaartlegster, m.n. in zaken betreffende vrijerij, erfenissen.
Naam Overig in Tekst
Hinke   
Hinke Kaart