Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING005203 - Sterke Hearke

Een sage (mondeling), woensdag 01 augustus 1962

Hoofdtekst

It wie froeger wenst, dat in feint, as hy ûnderweis wie nei in faem, ûnderweis altyd in kear oanstuts. Sa hie Hearke ris forkearing mei in faem yn Burgum. Hy roun dan fan de Ham oer de Pein en Semar nei Burgum. En hy stuts altyd oan by de Koekoek. De jongeljue dêromhinne wisten dat. En krekt as oeral doe, hiene hja der in hekel oan. Faek krigen sokke frijers dan ek in pak op 'e hûd.
Op in kear siet Hearke wer yn 'e Koekoek. Der sieten ek noch in goeie tweintich jongeljue. Ien dêrfan wie Sterke Feije. Earst narren se Hearke hwat. Hja goaiden mei stjintsjes en stikjes papier nei him en sa. Hearke waerd al hwat kitelich, mar bleau bidaerd.
Op it least gong Feije by Hearke sitten.
"Jo binne tige sterk net?" frege hy oan Hearke.
"Net sa mâl hear." andere dizze.
"Ik kin ek wol ien tille hear."
"En hwat woene jo nou eigenlik?"
"Wy moasten mekoar ris in hân jaen."
Hearke hie mar lytse hantsjes. En Feije hie ûnbidich greate.
Hearke joech him in hân en doe dy fint knipe, sa bot hy koe.
Mar Hearke foroare der neat fan.
"It wol net rjocht," sei Feije.
"Dan moat ik nou mar ris," sei Hearke. Feije joech him ien fan syn slaeijen oer en min hie nea sa hwat sjoen. Út alle fjouwer fan syn fingers fleach it bloed oan de souder ta. En Feije swymde en rolle oer de groun.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Hearke is zo sterk dat bij het handeschudden met andere sterke man het bloed uit diens vingers spuit en de man bezwijmt.

Bron

Collectie Keuning, verslag 52, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Hearke    Hearke   

Feije    Feije   

Koekoek    Koekoek   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Sterke Feije    Sterke Feije   

Naam Locatie in Tekst

Burgum    Burgum   

Bergum    Bergum   

Ham    Ham   

Drogeham    Drogeham   

Pein    Pein   

Opeinde    Opeinde   

Semar    Semar   

Suameer    Suameer