Hoofdtekst
Mem fortelde ris, dat der yn Driesum ris in man skyndea west wie. Hy laei al yn de kiste en soe bigroeven wurde. Mar doe kaem der noch ien út de femylje, dy woe him noch wol ris sjen. It wienen doe noch kisten, dêr moast it deksel yn sa 'n gefal in eintsje fan iepen skoud wurde. It siet al fêstskroefd. Der stienen mear femyljeleden om hinne. Mar, doe it deksel iepenskoud waerd, riisde it "lyk" ynienen oerein en sei: "Hwat wol jim nou. Soenen jimme my samar effen op it hôf bringe?" Jo kinne bigripe, hoe 'n alteraesje dit joech.
Beschrijving
Schijndode komt overeind na openschuiven van deksel van doodkist.
Bron
Collectie Keuning, verslag 52, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Driesum   
Plaats van Handelen
Driezum