Hoofdtekst
Och ja, der waerd by ús, doe wy lyts wienen, faek oer spûkerij praet. By elts boskje beammen, op elk donker leantsje waerden spûken forwachte of seach min se. De minsken kamen doe in bulte by elkoar to jounpraten en op it lêst roun it altyd op spûkforhalen út. Wy slepten yn it bedsté yn de keamer en dan hearden wy alles. Wy waerden dêrtroch deabinaud. As wy jouns nei it hûske moasten, doarsten wy faek net heal. Dan sei ús mem tsjin in âldere broer of suster, dat hja efkes meigean moasten.
Us âldeljue leauwden der net folle fan en doe wy âlder waerden, wy ek net mear.
Us âldeljue leauwden der net folle fan en doe wy âlder waerden, wy ek net mear.
Beschrijving
Vertellen van spookverhalen bij visites; kinderen worden bang na horen van verhalen.
Bron
Collectie Keuning, verslag 57, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Plaats van Handelen
Ureterp   
