Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING005706 - Hinke Kaert.

Een sage (mondeling), dinsdag 14 augustus 1962

Hoofdtekst

Ik wie noch feint, doe krige ik yn de holle, om my as môlkfeint yn Dútsklân to forhieren. Min gong dan nei ien fan de minsken yn Dútslân, dy adfortinsjes yn Hepkema hienen, hwer môlkfeinten yn frege waerden. Ik reizge doe nei Wezel. Underweis mette ik noch ien mei sa 'n blaupûde by him.
Nou ha ik noch forgetten to sizzen, dat ik foar de tiid nei Hinke Kaert west bin. Foar dat ik noch hwat sein hie, sei hja al: "Soa, jo sille ek mar in protte jild fortsjinje hè." Nou, dêr prakkesearde ik net oer. As ik mei net to folle muoite mar safolle fortsjinne, dat ik der fleurich fan libje koe, wie it my moai genôch.
Doe wy togearre yn it kantoar yn Wezel stiene, hearden wy, dat der mar ien frege waerd. Foar in stâl fan 17 kei. Fiifenfyftich mark yn de moanne. Wy lotten der om en myn maet krige it. Ik hingele dêr in pear dagen om en doe gong ik der ris wer hinne. En nou waerd der wer ien frege. Ek mar in lytse stâl en sechstich mark yn 'e moanne. Der wie, ljeau ik noch nea safolle yn Dútsklân fortsjinne. Hoe koe Hinke Kaert dat dochs wite?

Beschrijving

Uitkomen van voorspelling van waarzegster dat iemand veel geld gaat verdienen.

Bron

Collectie Keuning, verslag 57, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Hinke Kaert    Hinke Kaert   

Hinke Kaart    Hinke Kaart   

Hepkema    Hepkema   

Dútslân    Dútslân   

Duitsland    Duitsland   

Naam Locatie in Tekst

Wezel    Wezel