Hoofdtekst
Né, dêr wyt ik net folle fan. Heit en mem leauwden der net oan. Heit sei altyd: "As jimme hwat frjemds sjogge, moatte jim net útnaeie, mar ûndersykje, hwat it is.
Nou wie it wol sa, hwa jouns de tsjerke mei it tsjerkhôf foarby gean doarst, wie wol hwat mâns.
Ik ha sa al ris spûk sjoen troch in keamerplant fan ús mem. Ik kaem op in joun thús en doe seach ik in ding stean, dat wie heal wyt en heal swart. It stie by ús foardoar. Mar doe ik tichter by kaem, seach ik, dat it in potplant wie mei wite blommen. Mem hie dy bûtendoar set.
Sa wienen der ek ris op in lette joun twa manljue op in paed. En doe seagen hja in great swart ding efter har oan kommen. De iene man woe al op 'e loop gean, mar de oare sei: "Ik wol wite hwat it is," De bolle fan master. Master houd der ek hwat buorkerij op nei.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Ouders geloven niet in spoken, kinderen moeten gaan kijken als ze iets vreemds zien. Angst om 's avonds langs kerkhof te lopen. Voorbeelden van zaken die als spook worden gezien.
Bron
Collectie Keuning, verslag 65, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Plaats van Handelen
Eernewoude   