Hoofdtekst
Wy wennen in hiel ein fan de buorren. As wy jouns yn de buorren boarten, wachten wy faek op in arbeider, dy in hiel ein de selde kant út moast as wy. It lêste ein koenen wy twa kanten om. Op in joun gongen wy de iene kant en de arbeider de oare. By in pleats seagen wy doe twa hiele greate gleane eagen. Wy, dat wienen myn broer en ik. Myn broer doarst der bislist net lâns. Dat wy werom. Wy wienen hast op de twasprong, doe sei ik: "Ik gean der dochs lâns." En wy dienen it ek. De eagen wienen der noch, mar doe ik goed seach, wienen it in pear ljochtsjes, dy yn it raem fan de pleats spegelen.
Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Gloeiende ogen blijken de weerspiegeling van lichtjes in een raam te zijn.
Bron
Collectie Keuning, verslag 71, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Plaats van Handelen
Surhuizum   
