Hoofdtekst
By in boer hjirwei stielen se iderkear de klaver fan in stikje lân. Hy gong der op in joun hinne, hwant hy woe wite, hwa dat die. En hwat seach hy? In grouwe hazze. Dy naeide út, mar de boer houd him tige yn 'e gaten. De hazze roun nei in lyts pleatske ta. Dêr stie fan de efterdoar de boppedoar iepen. De hazze fleach oer de ûnderdoar hinne it hûs yn. Nou wist de boer genôch. Koene, dy der wenne, wie de dief.
Onderwerp
SINSAG 0608 - Andere Begegnungen mit Hexentieren.
  
Beschrijving
Boer ontdekt dat haas die zijn klaver steelt naar een boerderijtje gaat waar een heks woont.
Bron
Collectie Keuning, verslag 72, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Koene   
Plaats van Handelen
Surhuizum   
