Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING007302 - Sterke Hearke

Een sage (mondeling), woensdag 26 september 1962

Hoofdtekst

Yn Kollum wie in gefaerlik man. De plysje soe him nei Frentsjer bringe, mar se doarsten de man mei de bile yn 'e hân net oan. Doe tochten se, dat se H. Tj. Witteveen of Sterke Hearke, sa hy altyd neamd waerd, mar om help freegje moasten.
Hearke gong mei, mar sei, dat hy de man ek net oandoarst, as hy de bile yn de hân hie. Hy soe der earst sels mar op ôf. De plysjes moasten mar effen fan side bliuwe. Hearke gong nei de doar en frege of hy der effen yn mocht, om de piip oan to stekken. Dat mocht. Hearke seach de bile yn de hoeke fan de keamer lizzen. Hy wist tusken de bile en de man yn to kommen en doe dat slagge, grypte hy him by de skouders. Hy pakte dalik goed beet ek, hwant de man sei:
"Binne jo sterke Hearke?" en gong sûnder tsjin to stribbeljen mei.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Politie roept hulp in van sterke man die met een list gevaarlijke persoon laat meegaan.

Bron

Collectie Keuning, verslag 73, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Heerke Tjerks Witteveen, Drogeham 1801-1890

Naam Overig in Tekst

H. Tj. Witteveen    H. Tj. Witteveen   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Hearke    Hearke   

Naam Locatie in Tekst

Kollum    Kollum   

Frentsjer    Frentsjer   

Franeker    Franeker   

Plaats van Handelen

Kollum    Kollum