Hoofdtekst
Hjir wennen yn in dûbeld hûs oan de iene kant in frommis en oan de oare kant in âld keardel. Dy keardel sei, dat it frommis tsjoene koe. Hy wie der deabinaud foar. Hy makke allegearre krusen om hûs hinne. Dan kaem hja net by him yn 'e hûs. Hy is letter siik wurden en doe troch de femylje ophelle.
Dy frou, dy neist him wenne wie wol in fremden ien. Hja gong in bulte út to arbeidzjen. En dan bleau se leafst ta de joun út. En hja sei hast neat. Sy hat by ús ek wol arbeide. Eltsenien tocht, dat hja it tige earemoedich hie. Mar doe 't sy stoar, kamen der praetsjes, dat sy in bult jild hie. Der wie gjin neije famylje. De plysje is doe nei in efternicht ta gong. Hja moasten it hûs mar ris trochsykje. Ik bin doe ek mei west. Nou it wie allegearre jild. Ûnder it kleed op 'e tafel leinen allegearre kwartsjes en dûbeltsjes en sinten. Ûnder it tafelkleed lei in swilk en dêrûnder wer allegearre jild. En op in oar tafeltsje krekt sa. Wy strutsen it earst yn in greate panne, mar dy wie gau fol. Doe ha ik in greate amer ophelle en dy rekke ek noch fol.

Onderwerp
TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   
Beschrijving
Zetten van kruisen om huis ter afweer van heks. Na haar overlijden worden veel kleine munten gevonden.
Bron
Collectie Keuning, verslag 87, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Plaats van Handelen
Oostermeer   