Hoofdtekst
Ik bin skipper west. Wy wienen ris in kear ûnderweis. Ik hie al in hiele tiid yn 'e line roun, dat ik wie deaôf. Mar ik wist tichteby in skipsjager wenjen. It skip kaem oan 'e wâl en ik gong nei him ta. Ik moast in lyts reedtsje del. It wie al aerdich tjuster. Doe ik by it hekje foar it hûs kaem, laei dêr in great bist mei in pear hiele greate gleone eagen. Ik doarst der net lâns. Ik bin in eintsje werom gong en doe stapte ik oer 'e hage. De jager moast him efkes klear meitsje, dat ik bin wer oer 'e hage stapt.
Onderwerp
SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
In het donker ontmoeting met groot dier met vurige ogen.
Bron
Collectie Keuning, verslag 88, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)