Hoofdtekst
Der rounen ris hwat manljue de sédyk del. Doe seagen sy in tonne, dy fremd biskildere wie út sé nei de dyk ta driuwen. Dit wie sa frjemd, dat hja der bang fan waerden. Der stiet yn 'e bibel, dat der in byld út sé komme sil en dat de wereld dan forgean sil. Sy tochten, dat dit nou barre soe. De tonne dreau by de dyk lâns nei it suden ta. De manljue binne der in hiel ein efter oan gien, mar der barde neat.
Beschrijving
Gedachte dat met beschilderde ton die vanuit zee naar dijk drijft, de wereld zal vergaan, maar er gebeurt niets.
Bron
Collectie Keuning, verslag 105, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)