Hoofdtekst
In suster fan my woe ek net groeie. Ús heit wie boere-arbeider. De boer sei doe tsjin him: "Krij mar in hynder en ryd nei Greate Wopke yn Kûkherne. Ús heit ried al bitiid fuort, hwant it wie altyd drok by Wopke. Hy naem in smoarch ruft fan it fanke mei. Doe 't hy by Wopke kaem, sei dy:
"Hwat kriget it bern?"
"Geitemôlke!"
"En hwat foar fretten kriget de geit?"
"Hwat gêrs en hounestangen."
"In geit moat gjin hounestangen ha. Mar it is foar it bern noch better, dat it koumôlke kriget."
Heit krige ek noch in drankje mei. Dat moast altyd yn it tsjuster bliuwe. Hja is fêst better wurden, hwant letter hie hja sels bern.

Onderwerp
TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   
Beschrijving
Duivelbanner geeft drankje mee voor ziek kind.
Bron
Collectie Keuning, verslag 106, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Greate Wopke: Wopke de Vries (1821-1893), Kuikhorne, veedokter, meest populaire wonderdokter in noordelijke Friese Wouden, gaf vooral drankjes mee voor betoverde mensen.
Naam Overig in Tekst
Greate Wopke   
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Kuikhorne   
Plaats van Handelen
Morra