Hoofdtekst
Ik ha ek in man kend, dy tsjoene koe. Dy wie ris by in pear minsken yn 'e hûs. Doe hy der yn kaem, makke de frou de itenstafel klear. Doe alles der op stie, wie hy effen allinne yn 'e keamer. Hy helle in boek út 'e bûse en bigoun der út to lêzen. Doe de frou wer by him kaem, stie der neat mear op 'e tafel.
"Hwer is dat bleaun," rôp hja.
"Moast mar ris yn 'e skuorre sjen," sei de man.
Sy der hinne en ja hear, dêr stie it, boppen yn 'e skuorre. Mar wylst hja wer nei de keamer roun, liez hy wer út it boek en fan efteren nei foaren. En dêr stie it spul wer op 'e tafel.

Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
Tovenaar laat zaken verdwijnen door in toverboek te lezen en tovert ze terug door toverboek achterstevoren te lezen.
Bron
Collectie Keuning, verslag 110, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)