Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING012907

Een sage (mondeling), maandag 22 juli 1963

Hoofdtekst

Myn broer en ik rollen, doe wy noch fan dy greatjonges wienen der soms samar hinne. It barde faek moarns. Wy fielden it wol oankommen en gienen dêrom meastal foartiid op 'e flier lizzen. Der wienen al twa húsdokters by west, mar hja wisten net, hwat it wie. Doe heit hearde, dat E.W., in bikend wûnderdokter fan Oentsjerk by in boer, hjir net fier ôf komme soe, frege heit ôf hy ek effen by ús kaem. Dat die hy. Hy biseach ús ris goed en sei: "It sit him oan 'e magen. Jo moatte mar hwat guod by my wei helje.
Heit roun nei Oentsjerk en kaem mei in great pûdfol guod wer thús. W. hie sein: "Jo bern moatte hjir de earste wike deis ien théleppeltsjefol fan ha, de twadde wike deis twa en samar troch oan de seisde wike seis eltse dei ta. Dan fjirder fiif, fjouwer, trije oan ien per dei, per wike ta en dan mar wer omheech."
Wy ha de pûde lang net leech iten, doe wienen wy al fan de kwael ôf.

Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

Ziekte genezen met middel van wonderdokter.

Bron

Collectie Keuning, verslag 129, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

E.W.: mogelijk Evert Willems Sikma (1820-1899), werkte vooral met kruiden en was buiten zijn woonplaats actief; hij hield vaste zittingen in Dokkum en Leeuwarden. Wegens duivelbannen werd hij op het matje geroepen bij de kerkeraad van de plaatselijke Christelijk Afgescheiden gemeente, die tot de slotsom kwam dat het laster betrof. In de overlevering komt hij desondanks voor als duivelbanner, maar ook als wonderdokter.

Naam Overig in Tekst

E.W.    E.W.   

W.    W.   

Naam Locatie in Tekst

Oentsjerk    Oentsjerk   

Plaats van Handelen

Blija    Blija