Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING013303

Een sage (mondeling), maandag 29 juli 1963

Hoofdtekst

Hoe it presiis wie, wyt ik net, mar der binne hjirwei al ris minsken nei in frommis yn Ljouwert west om rie. Dejinge, hwer it om gie, moast alles op 'e tafel lizze, hwat hy yn 'e bûse hie. En hwat nou it fremde wie; de frou krige de portefeuille, dy der ek by wie, yn de hannen en sei: "Dit ding is yn plysjehannen west." En dat wie ek sa. "Jo soenen doe de hier bitelje en doe ha jo him forlern."
Hoe wist hja dat allegearre?

Beschrijving

Waarzegster zegt dat portefeuille bij politie is geweest, wat waar is.

Bron

Collectie Keuning, verslag 133, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert