Hoofdtekst
Ik kin sels ek yn 'e takomst sjen. Sa forline hjerst, bygelyks. Doe wie it sacht waer, oan Krysttiid ta. Ik soe doe nei myn soan, yn de Noardeastpolder. De boeren hienen de hynders nachts noch bûtendoar rinnen. De boeren makken it reauw al yn oarder foar de bou. Doe sei ik tsjin ien hjir tichtby: "Hwat tinke jim, dat it sa bliuwt ? Ik siz it jim, wy krije in winter, sa wy yn 250 jier net hâwn hawwe." En tsjin de timmerljue, dy hast wer oan it wurk soenen yn Maert, sei ik: "Jim kinne foar 15 April neat bigjinne." En it wie ek sa.
Sy ha my wol ris frege, hoe ik dat wist. Dat koe ik net sizze. Ik wist it en dermei út.
Sy ha my wol ris frege, hoe ik dat wist. Dat koe ik net sizze. Ik wist it en dermei út.
Beschrijving
Verteller kan in de toekomst zien, met voorbeeld.
Bron
Collectie Keuning, verslag 137, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Krysttiid   
Noardeastpolder   
