Hoofdtekst
De smid en de skat by Earnewâld
'Troch heit en omme Freark waard gauris oer dy smid praat. De smid fan Earnewâld is ferflokt, omdat er by syn libben in goddelike skat út in kleaster stellen hat. Hy hat dy bedobbe oan 'e kant fan in feart dêr't op dat stuit de iene foet fan in reinbôge stie. Hy is no noch altyd op in paad om dy skat werom te finen, mar de foet fan 'e reinbôge hat sont dy tiid noait wer op it goede plak stien. Dêrom is er ek sa fergrimmend en kin er net ha, dat dêr skippen tsjin 'e feartswâl lizze. Hy smyt de touwen los en de spitten of katten op it dek, of hy bûket mei syn hammer tsjin 'e boom (boaiem) fan it skip en op 'e lûken, want hy is deabenaud, dat in oar syn skat fine sil.
As wy op 'e polderdiken yn 'e beage rûnen en der wie oan 'e feartskant in djip gat yn 'e wâl, dan sei heit faak: Pas op, hjir hat de smid fan Earnewâld oan 't dollen west.
Minsken dy't wisten, dat de smid fan Earnewâld syn skat begroeven hat op in plak dêr't de poat fan 'e reinbôge op 'e gron rêste, hawwe, as dy poat wer ris op 'e feartskant stie, sels wol besocht om dy skat dêr op te dollen. Men moat dan duvels oppasse, want as de smid jin dêrby oer 't mad komt, dan slacht er jin dea mei syn hammer of hy fersûpt jin op itselde plak.
It wie by de Langesleat, of miskien der ek yn, mar ik tink fan oan 'e kant. It wie yn 'e omkriten fan 'e Spoeketsiene, mar it waard by ús noait krekt oanjûn, omdat de reinbôge eigentlik oanjaan moast, wêr't it wie. Dat net ien wist it krekt.
Der waard noch wol by ferteld, dat, as men der mei it skip oanlei of der yn 'e line rûn, en men seach, dat dêr de reinbôge op it lân kaam te stean, dan moast men as de bliksem sjen, dat men fan 'e wâl op it skip kaam, want dan hie men grutte kâns, dat men him tsjinkaam en dan wie it libbensgefaarlik' (S. de B.).

Beschrijving
De smid van Eernewoude is vervloekt omdat hij tijdens zijn leven een schat uit een klooster gestolen heeft. Hij heeft de schat verstopt aan de kant van een vaart waar op dat moment de ene voet van een regenboog stond. Hij kan de schat echter niet terugvinden omdat de voet van de regenboog sindsdien nooit meer op de goede plek gestaan heeft. De smid gebruikt geweld tegen iedereen die de schat zou kunnen of probeert te vinden.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 185
Commentaar
winter 1978-'79
Naam Overig in Tekst
Freark   
Spoeketsiene   
Naam Locatie in Tekst
Earnewâld [Eernewoude]   
Langesleat [Langesloot]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20