Hoofdtekst
De smid en de mûne dy't oer 't lan kuiere
'Der waurd ek ferteld, dat de smid fan Earnewâld foar in boer, dy't lân oan 'e feart hie, de wettermûne fersjoude. Sadree't der in stik lân fan dy boer ûnder wetter kaam te stean, koe er de smid roppe om syn iene mûne nei it plak te sjouwen dêr't er him meale litte woe.
It hiet, dat dy boer de smid alle kearen wer wysmeitsje koe, syn skat wie miskien wol te finen op in plak yn datselde stik lân dat ûnder wetter stie. De smid koe mar noait ûnthâlde, wêr't er al en wêr't er noch net socht hie, sadwaande bleau er mar oan 't hinne en wer sjouwen.
Oft se hjir no de boer oan it Biezemmakkersset by Suwâld mei bedoelden, dy't syn mûne oer't lân kuierje litte koe—ik ha der al ris fan ferteld ('It Fleanend skip' nr. 183)—of dat se in oare boer bedoelden, dat wit ik net, mar it is wol itseldé ferhaal. It iene ferhaal kin in eigen libben út it oare krige ha' (S. de B.).

Beschrijving
De smid van Eernewoude sjouwt voor een boer de watermolen naar diens onder water gelopen land. De smid doet dit omdat hij denkt dat hij in dit stuk land zijn verborgen schat kan terugvinden.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 186
Commentaar
winter 1978-'79
Naam Overig in Tekst
Biezemmakkersset   
'It Fleanend skip'   
Naam Locatie in Tekst
Earnewâld [Eernewoude]   
Suwâld   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20