Hoofdtekst
Ien of twa spoeken?
In swarte tabbert om syn lidden,
Stapt hy dêr nachts sa earnstich rûn.
Eeltsje Halbertsma
Hoewol't miskien allerhanne oerleveringen en foarstellingen bydroegen hawwe sille ta it leauwen oan en de ferhalen oer it spoek fan 'e Langesleatten, liket gjinien fan 'e fertellers der oer te prakkesearjen en meitsje ûnderskie tusken de Langesleattemer man en de smid fan Earnewâld. 'Dy smid wie nei syn dea it spoek, it spoek fan 'e Langesleatten, it spoek fan 'e smid fan Earnewâld. Better kin ik it noait sizze', ornearret Hâns Hooijenga. Der is in utsûndering: Steven de Bruin en syn folk. En de Bruin sels docht alle war om de ferskillen ûnder wurden te bringen.
'De smid fan Earnewâld en de Langsleatter man wienen net deselden. Dat wienen twa. Der waarde altyd sein, dat as men de Langsleatter man seach, dan hoegde men noait bang te wêzen, dat men de smid op dat plak tsjinkaam. Dy spoeken dêr wol allebeide, mar se mijden elkoar.
De smid is spoek wurden, trochdat er dy skat stellen hie, mar it ûntstean fan de Langsleatter man waard noait gjin ferklearring fan jûn.
De Langsleatter man koe men allinne mar sjen, mar de smid fan Earnewâld koe men ek fiele. As de smid jin yn syn earmen hie, dan koe men der net út loskomme. Hy koe jin deaknipe, of jin oan kant reagje. Hy koe ek in tik mei de hammer jaan. Mar de Langsleatter man wie allinne mar in skrikgestalte. Men koe him wol sjen, mar hy kaam jin net benei, en men kaam him net benei, wylst men de smid tsjin 't liif rinne koe. De Langsleatter man koe sûnder mear oer fearten, oer marren en oer sompen rinne; der waarde ek sein: de Langsleattemer man dy komt en dy giet as in simmertwirre, mar hoe't de smid him ferpleatste dêr waard eigentlik net oer praat.
It ûnderskie kaam yn 'e hiele manier fan fertellen nei foaren. De smid wie, hoewol't er dea en spoek wie, in minske, in persoan bleann. Hy hie in uterlik. Der waarde by ús ferteld, dat er in swarte felfet jas—wat felfet is, wit ik net—en in swarte broek oan hie. In grutte swarte klots hie er op. Hy wie dus hielendal yn 't swart. En dan hie er faak in grutte foarhammer yn 'e hân. Mei de hammer sloech er op 'e lûken en tsjin 'e boom fan 'e skippen om de minsken te ferjoien. Dy hammer hie er ek by him, doe't er oer ils dy hurdrider neisette.
It gekke wie, op 'e smid koe men ynfreegje, as se oan 't fertellen wienen. Dat haw ik ek wol ris dien: hoe wie dit dan en hoe wie dat? By de Langsleatter man kaam dat net yn jin op, want dy bleau altyd ûngrypber. Hy koe grut of lyts, tin of grou wêze, men wist it net. Men makke jin der noait in foarstelling fan en ik ha der ek noait in beskriuwing fan heard, hoe't hy der út seach. Se hienen it oer in soarte fan geast of spoek; de Langesleatter man wie gjin minske, mar in bûtenminsklike ferskining.
De Langsleatter man koe men sjen by moanneljocht en by dize, waard der by ús sein, en yn 'e lette skimer—de smid ek wol oerdei. Dat strykt ek wol wer mei wat omme Freark sei, dat men it stal fan 'e smid oerdei sjen koe en dat dat, as men der tichter by kaam, feroare yn in swaarm miggen. Oan 'e oare kant tinkt men by dit lêste earder oan de Langsleatter man, mar dy waard net oerdei sjoen. Dat wierskynlik is der wol in oergong tusken' (S. de B.).

Beschrijving
Tussen de `Langesleatter man' en de smid van Eernewoude wordt doorgaans geen onderscheid gemaakt. Soms, echter, gebeurt dit wel. Ze worden dan gezien als twee verschillende spoken die rondwaren op dezelfde plaats, maar elkaar mijden. Het verschil tussen de twee spoken is te zien in en aantal punten. Zo is de smid van Eernewoude duidelijk kwaadaardiger dan de Langesleatter man. Ook is de smid tastbaar, menselijk en concreet. Bij de Langesleatter man is alles wat vager. Men kan zich van hem niet goed een voorstelling maken. Hij is bovendien alleen 's nachts te zien.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 191
Commentaar
winter 1978-'79
Het onderscheid tussen de smid van Eernewoude en de `Langesleatter man' wordt in dit verhaal gemaakt door de verteller Steven de Bruin. Hij is vrijwel de enige verteller die dit onderscheid aanbrengt in de verhalen over deze twee spoken.
Naam Overig in Tekst
Eeltsje Halbertsma   
Langesleatten [Langesloot]   
Langesleattemer man   
Langesleatter man   
Hâns Hooijenga   
Steven de Bruin   
Freark   
Naam Locatie in Tekst
Earnewâld [Eernewoude]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20