Hoofdtekst
'It Abbekatelân leit by de Spoeketsiene. Wy koenen it lân oars net as De Abbekaten. Yndertiid binne der twa abbekaten fan Olterterp, Beetstersweach helle. Lubbert hiet de iene, dat sei ús mem altyd. Lubbert en Olfert hjitten se. Dy twa abbekaten spoeken nci har dea dêr by Olterterp om en de minsken hienen der tige lêst fan, foaral yn 'e nacht. Dêr krigen se har nocht fan en doe ha se in duvelbander ûnder de earm nommen, in boer. se neamden him Piterom. Dy hat se dêr út Olterterp wei helle mei twa hynders foar de wein. Ja, doe wienen it al spocken, doe wienen se al dea—wat oars, man!
Piterom hat se op 'e wein lokke, want dêr hie er sekken fol goud op. Wat toverspreuken en der omhinne rinne, doe koenen se der net ôf komme. Dat doe sjoude hy der mei dit út, twa hynders foar de wein. Hy hie se wol yn 'e macht, mar likegoed treauwen se de earms en de skonken soms yn 'e speaken, dat de tsjillen sleepten, en de hynders moasten lûke om it leven. Mar Piterom rookte bedaard syn pypke, seinen se, en hy kroaske se hjirhinne. Hy krige se op it lêst yn 'e Abbekaten, by it Krúswetter, en dêr hat er se loslitten. En dêr sil er se wol opsluten ha. Guon hienen it der ek wol oer, dat dit ferbân hâlde mei de spoekerij, mei de Langesleatter man.
Sa't ús mem it heard hie, wienen it in pear abbekaten dy't de lju strûpten' (B.H., H.H., T.H.).
Onderwerp
SINSAG 0410 - Der gebannte Geist.
  
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Abbekaten   
Abbekatenlân [Advocatenland]   
Lubbert   
Olfert   
Piterom   
Krúswetter   
Langesleatter man   
Spoeketsiene   
Naam Locatie in Tekst
Olterterp   
Beetstersweach [Beetsterzwaag]   
