Hoofdtekst
Dan witsto wat in minske is
Dit ferhaaltsje spilet yn'e tiid, dat de beesten ek noch prate koenen. Doe wienen in foks en in wolf ris tegearre oan 'e kuier. De wolf die noch al in steil wurd. Hy wie nearne bang foar, sei er. Dêr gyng de foks op yn: 'Ja, dat seist no al, mar der moat dy mar ris in minske tsjinkomme, dan wurdt de saak oars'. 'Soa, soa', sei de wolf, 'in minske, seiste. Dat woe 'k wol ris sjen, mar wêr treffe wy dy?' 'Kom mar mei', sei de foks, 'dit mar út! Mooglik moetsje wy aansen wol ien'.
Doe joegen se har tegearre op in paad. Njonkenlytsen dêr kaam in âld soldaat oan hompeljen. Dy hie yn 'e slach west en dêr wie er net mei de hiele hûd út kommen. Hy hie in houtene skonk.
'Dat is fêst in minske!' ornearre de wolf.
'Nee', sei de foks, 'dat hat ien west—dy moatte wy net ha'.
Dat, hawar, dy liet de wolf rinne. Njonkenlytsen dêr kaam in skoaljonge oan, in skoalboerd mei syn spullen der yn hie er ûnder'e earm.
'No', sei de wolf, 'dat is him dan grif! Silk mar?'
'Nee', sei de foks, 'mis! Dat is net ien, mar it sil ien wurde'.
'Oh!'
Mar doe in eintsje fierder dêr kaam in jager oan. 'Dér komt er, hear!' sei de foks, 'dat is in echtenien. Set dêr mar op ta'.
De fokse krûpte sels út 'e wei en doe de wolf der mei moed op ta. Mar hy kaam fan in sljochte reis thus. Mei in skot hagel yn 'e kop en in pear sabelhouwen yn 'e bealich moast er him al gau ôf jaan. Jankend kaam er by de foks werom.
'Wel', frege de foks, 'hoe is 't gien. Wie 't noflik om mei in minske yn 'e kunde te kommen?'
'Noflik!' rôp de wolf, 'it gyng mâl! Nûmer ien: hy krige sa'n ding en dat stiek er rjochtút nei my ta, en dêr bliesde er my mei yn 't gesicht. Ik wol't dy fertelle, dat jûke net. Ik bin ferlegen, sa sear docht my de kop. Nûmer twa: dêrnei skuorde er in ribbe út syn liif en dêr hat er my mei slein—alderraarst. Besjoch my mar ris, it moat raar wize'.
'Wel', sei de foks,'dan witsto fierdersoan, wat in minske is'.

Onderwerp
AT 0157 - Learning to fear men   
ATU 0157 - Animals Learn to Fear Men   
Beschrijving
Een wolf beweert nergens bang voor te zijn. Zijn vriend de vos werpt tegen dat dat wel anders zal zijn als hij een mens tegenkomt. De wolf weet echter niet wat een mens is. De vos beweert dat ze er weldra een zullen ontmoeten. Een voorbijkomende oude soldaat en een schooljongen zijn volgens de vos geen mensen. Dan zien ze een jager. Dat is volgens de vos wel een mens. De wolf rent naar de jager, krijgt een pak rammel en keert jammerend bij de vos terug. Deze zegt: `Nu weet je voortaan wat een mens is'.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 216
Commentaar
11 februari 1972
De verteller hoorde dit verhaal van zijn vader.
Learning to Fear Men
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20