Hoofdtekst
De stêdman ûnder de ikebeam
In stêdman lei noflik ûnder in ikebeam yn't gêrs te rêsten. Slûch wie er net, hy eage wat omheech en om him hinne en liet de tinzen driuwe. Flak njonken him wie in grientetûn, dêr't hiele grouwe koallen woeksen op kliene stronken. Boppe him oan dy mânske, hege iik hongen lytse fruchtsjes—ikels. Hy tocht, ik wit net, dit liket nuver. Moast dy koal, dy't dêr op't lân stiet, net oan dy swiere beam groeid ha? Dat hie yn alle gefallen better stien.
Mar sa't er dêr lei te mimerjen, kaam der in wynpûstje, in pear ikels rekken los en foelen him krekt op 'e holle. Doe sei er: 'De Skepper hat it doch wol goed sjoen. Ik bin mar bliid, dat dy grouwe koallen net oan'e beam waaksje, want dan hie'k in rare smeet krige'.

Onderwerp
AT 0774P - St. Peter and the Nuts   
ATU 0774P - St. Peter and the Nuts.   
Beschrijving
Een stedeling zat onder een eikeboom. Naast zich zag hij een groentetuintje waar hele grote kolen groeiden op hele kleine stronkjes. Aan de boom zag hij hele kleine eikeltjes. Hij vroeg zich af of niet de grote kolen aan de grote boom moesten groeien en de kleine eikeltjes op de kleine stronken. Toen vielen er in een windvlaag een paar eikels van de boom, recht op zijn hoofd. Nu zag hij dat het zo toch wel goed was, anders had hij een rare klap gekregen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.231
Commentaar
9 maart /22 okt. 1973
St. Peter's Gluttony
Naam Overig in Tekst
De Schepper.   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20