Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE229 - Hoe 't it komt, dat de geit in trijehoekich sturtsje hat

Een sage (boek), vrijdag 22 september 1978

Hoofdtekst

Hoe't it komt, dat de geit in trijehoekich sturtsje hat
De geit hie alear in hiele grutte sturt en doe siet der in kear in wolf efter de geit oan en dy koe er mar net pakke. Op 't lêst krige er him doch heal en heal by de sturt. Hy gnaude mar yn dy lange sturt om, mar in hûn en in wolf dy gnauwe altyd mei de kop op 'e side—net as se skuorre, mar as se ôfbite wolle. Sadwaande gnaude er earst in skean ein sturt fan 'e lofterkant ôf en doe in skean ein fan 'e rjochterkant. Sa'n trijehoekje bleau der oer. Derfandinne dat de geiten no noch mei in trijehoekich sturtsje rinne.

Beschrijving

Vroeger had de geit een heel grote staart, maar deze heeft een wolf er afgebeten. De wolf houdt zijn kop schuin bij het bijten. Zo heeft hij de staart eerst schuin van de linkerkant afgebeten, en daarna van de rechterkant. De geit heeft daardoor een klein, driehoekig staartje gekregen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 240.

Commentaar

22 sept.1978

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20