Hoofdtekst
Hoe't de hulst oan syn stikelige blêden kommen is
Doe't de Skepper de planten, strûken en beammen har blêden joech, doe waarden dat griene, no ja, ek wol ris guon mei in flamke, in brunich of readich tintsje der yn, mar de measten wienen doch sljochtwei grien. De hulst lykwols woe graach wat oars ha en op syn spesiaal fersyk krige er moaie gouden blêden. Dêr stie er mei te pronkjen, sa grutsk as in pau. Mar al yn dy alderâldste tiid wienen sommige minsken in bytsje longerich nei goud, dat dêr kamen al gau in pear lâns, dy plôken al dy blêden der ôf. Doe hie de hulst neat mear.
Dit moat al oars, tocht er, en hy frege oan de Skepper: 'Mei it dan wat oars wurde? Mar ik wol it doch graach moai hâlde'. Doe krige er sulveren blêden. Mar dêr gong it deselde wei mei op as mei de goudene en dêr stie er wer keal.
Doe dan mar glêzene blêden. Mar it duorre net lang, dêr begûn it in stoarm te waaien en doe rammele dat glês tsjininoar. Under it beamke lei it siedde mei glêsdiggels, mar sels stie de hulst der wer neaken en bleat by.
Op 't langelêst krige er dan doch mar gewoane griene blêden. Mar dat trof ek al wer net, want it wie krekt in rite, dat it fee honger litte en elk dier dat dêr lâns kaam friet fan syn griene blêden. Dat mei gauwens stie er der wer neaken en bleat by.
Doe mocht de hulst noch in kear freegje. 'No woe 'k graach blêden ha', sei er, 'dy't se my net plôkje en se moatte my ek net befrette'.
En sa hat de hulst syn stikelblêden krige.

Beschrijving
De hulst kreeg bij de schepping gouden bladeren, maar deze werden er door de mensen allemaal afgeplukt. Toen kreeg hij zilveren bladeren, maar hij werd weer kaalgeplukt, en vervolgens glazen bladeren, maar deze waaiden kapot. Uiteindelijk kreeg de hulst toch maar gewoon groene bladeren. Dit was echter nog geen succes, want ze werden opgegeten door het vee. Toen vroeg de hulst om bladeren die niet geplukt of opgegeten zouden worden, en kreeg hij zijn stekelbladeren.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 243.
Commentaar
14 maart 1973
Naam Overig in Tekst
Schepper   
God   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20