Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE240 - De man yn 'e moanne

Een sage (boek), zaterdag 08 januari 1972

Hoofdtekst

De man yn 'e moanne
By ús yn 't Wâld (Oranjewâld) en yn 'e boskhoeke yn 't algemien waard foarhinne noch al wat hout fandele. Foaral yn 'e bosken dy't by't maitiid kapt wienen; dêr bleau dan wol wat ûnderhout lizzen en ek stikjes hout. Dat namen de Iju by earmfollen mei nei hûs ta.
En doe wie der dan in âld frou, dy hie ek wat byinoarfandele en dêr koe se in pear dagen fan stoke. Se hie it by hûs delsmiten en de oare moarns soe se der wat by wei helje, mar doe wie dat hout fuort. En doe sei se: 'Ik woe, dat de keardel dy't dat dien hat op 'e moanne siet!'Se tocht der net iens by nei, dat se in winsk die.
Mar der waard my altyd ferteld, dat de man dy't dat âld minske de takken ûntstellen hie yn 'e moanne siet. En dy seagen wy as bern ek altiten wol sitten—of rinnen. Dat mantsje rûn noch mei in takkebosk op 'e rêch.

Onderwerp

SINUR 0008 - Der Mann im Monde    SINUR 0008 - Der Mann im Monde   

Beschrijving

Vroeger namen mensen altijd hout mee uit het bos. Een oud vrouwtje had ook wat hout meegenomen, maar toen ze weer wat naar binnen wilde halen, was het hout weg. Ze zei dat ze wilde dat de man die het hout gestolen had op de maan zou zitten. De verteller zag als kind die man altijd zitten of rennen, hij heeft nog altijd de takkenbos op zijn rug.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 246.

Commentaar

8 jan. 1972
Der Mann im Monde

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20