Hoofdtekst
De keizer syn nije klean
Der hat ris in keizer west, it wie dwers troch alles hinne, hoe idel as dy man wie. Dy idelens hie er net fan frjemd. Dat siet sjesa. De foarige keizer, dêr't er dan in soan fan hjitte te wêzen, koe gjin bern krije. Doe wie de keizerinne wat grut wurden mei ien fan 'e hege adel, dy't in bulte oan it hof ferkearde, en dêr hie se wat fan skipe. Se siet der freeslik oer yn, want it koe raar foar har útpakke, as de keizer dat gewaar waard. Mar dat betearde allegear bêst, want ear't dy kleaune him ûntwine koe, stoar de keizer. Men kin hast wol begripe, dat by de keizerinne de rouwe meast yn 'e klean siet. Se krige in soan, dus der wie in troanopfolger.
Ynearsten hâlde de keizerinne sels it heft yn hannen, mar doe't de kroanprins achttjin jier wurden wie, waard er as keizer kroane. No wie dy jonge syn natuerlike heit net sa'n bytsje idel. Dat like tige nei te skaaien, teminsten de nije keizer wie sa alderglûpenste grutsk en idel, in stoaterske hoanne wie der neat by.
Gjin klean dy't him sinnigen. Hy woe en soe in keizerspak oan ha dat moaier wie as alle oare keizerspakken yn 'e wrâld. Dêr wienen alle sniders dy't har ferbylden dat se yn 't sniderjen wat mear mâns wienen as sljocht hinne en wer al oan te pas kommen, mar man foar man hie har dat de kop koste. Want wa't in keizerspak makke hie en it stie him net oan. dy liet er fuortdalik in kop Iytser meitsje. En de pakken stienen him noait oan.
Dat wie fan dy gefolgen. dat de goede sniders yn 't lân krap waarden. Mar de keizer woe doch in nij pak hawwe. Doe liet er rûnom yn 't ryk grutte papieren oanplakke, dat de snider dy't him in pak makke dat moaier wie as alle oare keizerlike klaaiing yn 'e hiele wrâld dy krige fyftjinhûndert gouden dukaten. Dat sei bêst. mar likegoed kaam der gjinien op. Och, de suiders dy't net op't tsjerkhof leinen hienen allegear wurk, dy bleauwen wol itende. Se ornearren, better in earme snider as in deade snider.
Mar doe wenne der yn in etfterôfhoeke fan it lân noch in kleanmakker, dat wie no net sa'n foarnamenien. Lui en by de gatten om ticht. Op 't lêst bleauwen syn klanten wei en hysels rekke yn 'e nederklits. Hy lies sa'n plakkaat en doe tocht er, no, it moat al raar komme, as ik my dêr net út rêd — ik weagje it der op.
Hawar, hy tsjinne him oan by it hof as masterskroar. Fuortdalik waard er talitten, de keizer siet by wize fan sprekken op him te wachtsjen. Dy frege him nei syn kundichheden en doe sei er: 'Ik stean der jo foar yn, majesteit, jo krije in pak, dêr kinne alle oare keizers op 'e wrâld in puntsje oan sûge. De stof is hiel wat besûnders, dy lit ik út Egypte komme. Mar dêr kin ik oars net oan komme, of ik moat mei jild op 'e fingerseinen stean. Dat ik woe no de earste fiifhûndert gouden dukaten wol barre. Mar it wurdt in pak, kin 'k jo sizze, dêr sille jo eare mei ynlizze'.
'No', sei de keizer, 'hjir gean ik al op yn, mar op ien betingst: kar ik it pak ôf, dan hawwe jo de langste tiid libbe'. 'Majesteit, ik ken mysels', antwurde de snider, 'ik ha safolle kltan al makke, dat dit doar ik bêst aventoerje'. Hy krige syn fiifhûndert gouden dukaten en joech him ôf.
Earst betelle er dy skuldeaskers dy't him it slimst op 'e hûd sieten, en omdat er fan in goed libben hâlde, gong er fierder ris lekker oan 'e jui. Dit komt in minske ta sei er tsjin himsels.
Sa'n fjouwer wike letter die er de keizer tynge: 'Yn nije wike woe ik by jo komme mei it pak yn 'e besseltriedden, soe it jo majesteit behaagje om it te passen?' No, hy krige omgeand berjocht, it skikte de keizer, hy moast mar delkomme.
Hy kaam oan 't hof en hy sei: 'Majesteit, no moatte wy tegearre mar even yn 'e klaaikeamer. My tinkt, der hoege noch gjin oare eagen oer te gean — oars is de grap der aansen ôf, wannear't jo der yn it iepenbier mei ferskine. As alles yn 'e es is, kin it ôfmakke wurde'.
Hy gong mei de keizer yn 'e klaaikeamer en loek him de klean út. Wat der doe folge wienen allinne mar meneuvels. Earst de meneuvels fan pakoanlûken; doe bearde er, dat er oeral neigong, hoe't it pak siet. Hy tipte ris efkes oan 'e kraach, oft er wol goed wer te plak foel; hy taaste de keizer yn 'e taille en fielde oft de broek rom genôch yn 't krús en oer't gat siet.
'No, majesteit', sei er, 'it hoecht net better en it kin net moaier. Jo moatte sels mar ris yn 'e spegel sjen. Mar — dan moat ik jo earst ien ding ferklappe, majesteit: it is in hiel besûndere stof, dy't ik út Egypte komme litten haw. Bywannear't immen dy't as basterd te wrâld kommen is dêr it each op falle lit, dan wurde de klean dy't der út makke binne ûnsichtber foar sa'n persoan — foar him allinne mar, hear. Sjoch, sa edel is dy stof, dy ferneart sokke eagen net'. Dy snider hie ek wol ris wat grútsjen heard fan de keizerinne har mispas. Jim moatte rekkenje, sa'n minske wennet yn in glêzen húske!
De keizer stapte foar de spegel en doe seach er himsels dêr stean yn syn himd en syn ûnderbroek. Hy draaide him nei rjochts, hy draaide him nei lofts, hy draaide him omtrint in healslach om en seach himsels oer 't skouder yn 'e spegel, mar hoe't er wynde en draaide, it bleau himd en ûnderbroek. Hy soe de mûle opskuorre, mar doe betocht er him. In jier of wat tefoaren wie him al ris yn 't grutste fertrouwen trochdien, dat de âlde keizer gjin bern krije koe, en no ja, hysels bestie . . . Ik sjoch wol neat, tocht er, mar as ik dat no tajou en it komt út, dat ik in basterd bin, op syn mâlst stjitte se my noch fan 'e troan, en hoe moat ik dan troch de tiid. Dat hy sei tsjin 'e snider: 'Prachtich! Ik moat sizze, sa moai hat noch noait ien it foar my meitsje kinnen. Ik bewûnderje jo!' Fansels dêr wie de snider tige mei fergulde.
'No kin 'k myn wurk dien meitsje', sei er, 'mei in wike of seis is 't hielendal yn oarder. En majesteit, no soe it my in grutte eare wêze, as jo dan op in feestlike gearkomste yn jo nije pronk ferskine woenen. Sûnder mis sil jo oansjen as keizer der troch ferhege wurde — as dat teminsten noch mooglik is. Skikt it jo de sechste novimber? Ja? Dan kinne jo foar dy dei it hiele hof en de ministers mar byinoarroppe. Ik sil jo persoanlik klaaie en jo sille der út sjen, sa't noch noait in keizer der út sjoen hat. Wat in feest kin dat wurde!'
'Lit ús dat dan mar ôfprate', sei de keizer.
Dat sadwaande, tsjin dy tiid gongen de útnoegingen yn see, en net allinnich oan 'e hovelingen en ministers, mar oan de hege adel út it hiele ryk. En by elkenien wie al bekend, dat in basterd de nije klean net sjen koe.
Op 'e sechste novimber wie de snider al ier en betiid delkommen om de keizer te klaaien. Dat naam noch mear tiid yn beslach as it passen. Op 't lêst hie er dan de hiele pronk oan en de snider bearde der ôfgryslik fan. Doe't dat dan klear wie, sei de snider: 'Nim it my foaral net kwea-ôf, majesteit, mar it wurdt dalik in grut feest, en jo en it hiele selskip sille sa út 'e skroeven wêze oer dit moaie keizerspak, dat ik bin bang, der sil hielendal net om tocht wurde om my myn lean út te beteljen. Ik hoopje, dat it net tefolle frege is, mar soe ik hjir dalik dy oare tûzen dukaten net efkes barre meie?'
No, de kening fergappe him ek op it feest, it sin stie skoan, dat hy liet de suider dy tûzen dukaten útbetelje.
En doe kaam it grutte feest. De wyn streamde út kristallene kraften yn goudene bokalen. En hyltyd mar wer waard der in dronk útbrocht op de keizer syn nije klean. En in kompliminten dat er krige, se geiden it út. 'Sá hienen wy it ús net yntinke kinnen!' seinen se. Se wisten mar al te skean, dat de seden oan it hof en ûnder de hege adel de losse kant neist wienen, mar der wie doch gauris immen, dy sei — yn himsels dan altiten: Ferhip, dêr hie ik ús mem no net foar oansjoen!
Doe't it feest op syn hichtepunt wie, waard de snider ûngemurken wei troch in syddoar en se hawwe him noait wersjoen.
Mar ien fan 'e hofdames hie in jonkje; dat wie in nijsgjirrich jonkje en in geochem jonkje. Hy hearde yn in oar part fan it paleis it gegûns en gerûzemoes fan it feest. Hy hie der ek al wat fan heard dat it ta eare fan 'e keizer syn nij pak klean wie. Mar wêrom meie bern dêr net by, tinkt er, ik woe dat ek wol ris sjen. It is mar in Iyts kunstje foar him om de oandacht fan de tsjinstfaam dy't op him passe moat ôf te lieden en nei de feestseal te glûpen. Hy kringt tusken de gasten troch en giet Iyk foar de keizer stean. Dat sjogge se dêr yn 'e seal en efkes falt der in stilte. En op dit stuit ropt er mei syn skel jongeslûd: 'Hi-hi-hi! De keizer yn 'e ûnderbroek!'
Doe't it jonkje dat roppen hie, krige it feest ynienen in oar ferrin. De keizer loek him tebek, en in hiele heap hege offisieren mei him.
De keizer wie tenei wat minder idel.

Onderwerp
AT 1620 - The King's New Clothes   
ATU 1620 - The Emperor’s New Clothes.   
Beschrijving
Een vreselijk ijdele keizer wil een nieuw pak hebben. Een kleermaker zegt dat hij er een gemaakt heeft van een speciale stof. Iemand die als bastaard ter wereld is gekomen kan de stof niet zien. De keizer wil niet toegeven dat hij een bastaard is, en toont zich erg tevreden met het pak. De kleermaker krijgt zijn loon, en gaat er gauw vandoor. De keizer geeft een groot feest ter ere van zijn nieuwe kostuum. Iedereen doet alsof hij het prachtig vindt, want niemand wil dat de anderen denken dat hij een bastaard is. Het zoontje van één van de hofdames sluipt stiekem de zaal in om naar de keizer te kijken. Hij begint hard te lachen, en roept: "De keizer staat in zijn onderbroek!" Dan is het feest ineens afgelopen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 253
Commentaar
10 april 1973
The King's New Clothes
Naam Locatie in Tekst
Egypte   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20