Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE258 - De boer krijt alles ta syn lêst

Een sprookje (boek), vrijdag 10 november 1972

Hoofdtekst

De boer krijt alles ta syn lêst
In mynhear hie him krekt in pear skuon meitsje litten en mei de nije skuon oan gong er te kuierjen. Mar de iene skoechsoal rekke los, mynhear kaam te fallen en krige in ûngemak. It betearde noch knap, mar hy wie alhiel kûgels. Hy sette it oan by it rjocht. Hy sei: 'Hoe kin dy skuonmakker my sokke skuon leverje! It liket nearne op. Dy keardel is in grutte spjont'.
No, de skuonmakker moast foar it rjocht komme. De rjochters seinen: 'Man, dit giet jo smoarch ôf—om in mynhear sokke skuon te leverjen dêr stiet in swiere straf op!' Mar de skuonmakker hie syn wurdsje wol klear. 'Hearen', sei er, 'dit leit net oan myn wurk, of oan myn ambacht. Dy skuon binne goed makke, mar dy soal is op plakken tin, en sadwaande is er losrekke. Mar dat sit him dan oan de fellebloater, de leartouwer. Dy heart foar it rjocht te kommen'.
Doe moast de leartouwer foar't rjocht komme. Mar de leartouwer op syn bar skode de beskuldiging troch: 'Sjoch', sei er, 'as de hûd op plakken tin is, der is gjin leartouwer dy't dat ferhelpe kin. Nee, it is de boer syn skuld'.
Doe moast de boer foarkomme. En se driigden him ek al wer mei swiere straffen. Mar de boer sei: 'Ik sil jim krekt útlizze, hoe't it sit—myn lân is tige toar, dêr waakst altyd mar in lichte, minnige frucht op. Ja, en no sil dat beest ek wol wat te koart kommen wêze, dat nim ik oan. Mar dat is dan myn skuld net, mar de lânhearre sines.
Ynearsten tocht de boer ek noch, dit swit ik der ôf, want de lânhearre waard opûntbean om foar te kommen. Mar dy man sei: 'Oft it lân no in goed gewaaks jout of in skraal gewaaks, dat haw ik net yn 'e hannen - dit is spotten, wat dy boer seit - dit is godslastering'.
De rjochtbank stimde ynienen dy lânhearre mei: de boer hie dat perfoarst net oanroere mocht. Mynhear gong frij-út, dat stie fêst. En de boer krige alles ta syn lêst.

Onderwerp

AT 2031A* - Wall in Construction Collapses    AT 2031A* - Wall in Construction Collapses   

Beschrijving

Een meneer had nieuwe schoenen gekocht, maar de zool liet los zodat hij struikelde. Hij ging ermee naar het gerecht. De schoenmaker moest voorkomen, maar hij zei dat het zijn schuld niet was. Het leer was te dun, dat was de schuld van de leerlooier. De leerlooier zei ook dat hij er niks aan kon doen. Het was de schuld van de boer. De boer zei ook dat hij er niks aan kon doen het was de schuld van de landheer. De landheer zei dat het godslastering was wat de boer zei, en uiteindelijk kreeg de boer alle schuld.

Bron

Ype poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.270

Commentaar

10 november 1972
Wall in Construction Collapses

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20