Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE261 - De Sinteklazepleats

Een sprookje (boek), dinsdag 18 oktober 1977

_2ff09db5-832d-4723-909e-dfdc4a5e3c89.jpeg
93526382.jpg
Leonardo_Diffusion_XL_a_realistic_color_photo_of_wooden_shoes_1.jpg

Hoofdtekst

De Sinteklazepleats

Noch ûnder Lens yn Hinnaarderadiel, mar oer 't wetter fan 'e grutte feart stiet in pleats, dy neame se al fan tiden herwaarts de Sinteklazepleats. Yn myn jonge jierren waard der al oer praat. Dy namme moast in betsjutting ha, seinen wy. Mar hokker betsjutting as dat wie, dat koenen wy noait rjocht wiis wurde. Ik frege de âlde boeren der wol ris nei. Ik wit noch wol, der wie ien boer, dy sei: 'Ik ha altyd mar tocht, en dat ha 'k myn bern ek foarhâlden: Sinteklaas is hjir berne'. No, ik sei: 'Ik miende, dat dy út Mira kaam'. Dy boer sei: 'Dêr witte dy lju neat fan. Hy kin hjir bêst berne wêze—hoe soe dy pleats oars oan syn namme komme?'
Wy makken sels ek wol ris in gissing en wy rieplachten ek wol ris immen dy't ferstân fan pleatslike skiednis hie, mar de iene sei dit en de oare dat. Doe kaam op in kear de soan by my fan 'e boer dy't op dy pleats wenne, en dy sei: 'Wy binne der efter kommen en it is hiel ienfâldich'. Ik frege: 'Hoe ha jo dat fûn?' 'Dat komt-der net op oan', sei er, 'mar it is in âld ferhaal en dat haw ik by tafal heard'. It ferhaal sels wie er net efterhâldend mei.
Fier foar ús, sa begûn er, hat dêr ris in widdo wenne. It wie in minske fan in foech fyftich jier. Se hie in setsje troud west. It hie net sa'n tige gelokkich houlik west en se miste har man ek net sa bot—allinnich, se woe wol graach wer in man ha, mar dat wie him noait wurden.
Dy widdo buorke dêr en se hie in grutte feint, dy siet hast om en by har jierren; hy wie in bytsje jonger. Se koenen goed meiïnoar oer 'e wei. Se gongen noflik meiïnour om en wisten wat se oaninoar hienen, mar fierder wie der neat, totaal neat tusken dy twa.
Doe op in kear, it wie foar sinteklaas, hienen se sa'n praatsje. Samar sa'n praatsje. Gewoan. Sawat gekjeiendewei. De feint ornearre: 'Sinteklaas sil wol net oer de feart doare. Safier kin sa'n hynder net springe. Troch it lân komt er ek net. Dat wy sille der wol by troch reitsje'. Sjoch, der rûn gjin reed hinne, it wie in wiete rite en it lân wie smoarch.
'No', sei de frou, 'dat soe my foar jo muoie. My kin 't net sa'n soad skele. Mar jo ha altyd sa bêst oppast, dat . . .'
'Ja', sei er, 'it soe my ek muoie. Men hat dan oars ek net safolle. As men gjin húshâlding hat, is der nimmen dy't om jin tinkt. En doch soe jin dat goed dwaan'.
De oare jûns begûn de frou der wer oer. Se praten der wat op troch en op 't lêst sei se: 'Foarhinne setten wy altyd in skoech of in klomp op, foar de skoarstien, en dan krigen wy dêr wat yn. It wienen gjin grutte dingen, wat ditten en datten, mar doch, wy fûnen it prachtich. En de ferwachting tefoaren wie eigentlik noch it moaiste'.
'Dat wie by my ek sa', sei de feint, 'mar ik leaude al gau net mear oan Sinteklaas en doe krige ik ek neat mear. Hie'k der mar langer oan leaud'.
'Dan moatte jo de skea no mar ynhelje', tocht de boerinne, 'jo wurde noch ien kear wer bern en sette jo klomp ûnder de skoarstien op. Dan sille wy ris sjen, oft der de oare moarns ek wat yn sit'.
'Dy gekheid wurdt my eigentlik grut genôch'.
'Och', sei se, 'foar'e aardichheid. Miskien levert it neat op, miskien ek al. Dêr wit ik ek neat fan'.
Hawar, se krige de feint safier, dat er sei: 'No, toe dan mar'.
Dat op sinteklaasjûn—njoggen ûre gongen se dan út 'e wei—sette de feint syn bûthúsklomp op, in klomp as in oarlochsskip, want hy hie grutte fuotten neffens it ferhaal.
De oare moarns melkerstiid—it wie allegear noch tsjuster en ûngedien—doe prakkesearde er mei syn slûge kop noait wer oer dy hiele klomp. Mar wylst er ûnder de lêste ko siet, kaam it him yn 't sin: ja blikstiender, ik ha justerjûn dy klomp dêr delset. Ik bin al benijd hoe en wat.
It melken wie dien, hy rûn nei de foarein en dêr seach er de boerinne ûnder de skoarstien stean.
'Goemoarn!'sei se helderop.
'Ek moarn, frou. Jo binne der mar betiid by'.
'Ja, ja', sei se wat skruten; it klonk in bytsje oars as oars. Hy seach har ris rjocht op en del oan. Hy tocht, dêr stiet dy frou. Hea, se stiet mei de rjochterfoet yn myn klomp. Hy seach noch ris en doe sei er: 'Wat is dit hjir? Dy klompen passe jo ommers net. Jo ha folle lytser foet as ik. Of wolle jo in fyt úthelje?'
'Nee, nee, nee', sei se, 'dit hat in djippe betsjutting. It is sinteklaas, en jo krigen noait mear wat, seinen jo. En, no ja, ik woe jo graach wat ta ha. Dat sadwaande ha'k myn foet yn jo klomp set'.
'Dêr begryp ik neat fan. Nee, dêr begryp ik neat fan'.
'Dan moatte jo ris efkes goed neitinke'.
It bleau stil. In hiel skoft. Hy skodholle op 't lêst.
'As jo it net begripe wolle', sei de boerinne. 'dan moat ik it jo dúdlik meitsje. Ik woe jo graach wat ta ha. Jo ha hjir altyd sa goed op jo plak west en no woe'k mysels mar jaan'.
'Josels jaan, josels jaan? Wat bedoele jo dêrmei?'
'Jo meitsje it my ek net maklik. Sjoch, wy ha hjir in jier of fiif tegearre omslein en wy kinne aardich—hoe liket it jo ta as wy ris man en wiif waarden'.
'No, dêr wurd ik suver kjel fan!'
'Jo hoege net kjel te wurden. Jo woenen wat yn 'e klomp ha en dat jo der yn krije dêr moatte jo tefreden mei wêze'.
De feint sei neat mear, hy rûn de keamer út en die syn wurk wer. Hy tocht der oer nei en hy wie der mei oan. In skoft letter trof er de frou allinnich.
Hy sei: 'Dat fan fan'e moarn, dat wie fansels gekheid?'
'Ja', sei se, 'wol gekheid, mar mei in betsjutting'.
Hy rûn wer fuort, mar trije dagen letter sei er: 'Ik wol ek net lytsman wêze. As jo it miene—ik bin mar allinnich en jo binne mar allinnich, it moat mar wêze'.
Neffens it ferhaal binne se yn 'e maitiid troud. Mear seit dat ferhaal der net fan, mar it sil wol gongen wêze lykas dan oan it slot fan âlde romans stiet: En se libben noch lang en gelokkich. En as it ferhaal net wier is, dan is it yn alle gefallen moai betocht.

Onderwerp

VDK 0998* - Het sinterklaasgeschenk    VDK 0998* - Het sinterklaasgeschenk   

Beschrijving

Er is een plek in Hinnaarderadiel die men de sinterklaasboerderij noemt. De zoon van de boer weet waarom het zo heet. Vroeger woonde daar een weduwe die een knecht in dienst had. Ze hadden het over Sinterklaas en dat de boerin en knecht vroeger iets in hun schoen kregen als ze die onder de schoorsteen zetten. De knecht zucht dat hij eigenlijk wel een vrouw zou willen. De weduwe haalt hem over zijn klomp onder de schoorsteen te zetten. De volgende morgen als hij gaat kijken, staat de weduwe in zijn klomp. Ze stelt voor dat hij haar krijgt en dat ze gaan trouwen. De knecht gelooft het eerst niet, maar uiteindelijk trouwen ze toch.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.272-274.

Naam Overig in Tekst

Sinterklaas    Sinterklaas   

Hinnaarderadiel    Hinnaarderadiel   

Sinterklaasplaats    Sinterklaasplaats   

Sinteklazepleats    Sinteklazepleats   

Naam Locatie in Tekst

Iens    Iens   

Plaats van Handelen

Iens    Iens   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20