Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE277 - Trije fingers of in ôfskuorde hân

Een broodjeaapverhaal (boek), donderdag 05 oktober 1978

Hoofdtekst

Trije fingers of in ôfskuorde hân
Yn 'e neisimmer fan njoggentjinhûndert acht en santich hienen wy mei fakânsje west. Doe kamen alle bern even thús en wy hienen allegear ferhalen. 'Ha jim ek lêst hân yn Denemarken—wienen jim tassen en guod wat feilich?' Wy seinen: 'Dat wie allegear wol yn oarder'. It praat kaam op bestellen wurden op reis en al sa mear.
Doe sei ús Titia—dy is ûnderwizeres hjir yn Ljouwert: 'Oh, by ús op skoalle is in jonge en dy hie sa'n ôfgryslik ferhaal. Dat is dy jonge syn âlden in fjirtjin dagen lyn oerkommen. Se wienen op in sneon nei Amsterdam riden te boadskipjen. De auto hienen se earne yn 'e binnenstêd parkeare kinnen; op 'e neimiddei wienen se klear en gongen se werom nei har auto. Underweis prate se ôf, de frou sil ride en dy kriget de kaikes. Se komme by de auto en dêr steane trije Surinamers. Of ien sit op 'e kofferbak en twa steane der by.
De frou docht de doar iepen, mar wiles komme de Surinamers op har man ôf en sizze: Wy ha hjir in hiel skoft by dizze auto stien te wachtsjen; wy ha der op past, en no freegje wy twahûndert gûne fan jo. De man is der even mei oan. Hy sjocht wol, dat hy allinne tsjin dizze trije mannen net folle begjinne kin. Boppedat, ien hat in boksbûgel om 'e hân. As ik wegerje of my ferset, timmerje se my samar yninoar, tinkt er. Hy sjocht, dat syn frou ûndertusken de boudskippen op 'e efterbank goaid hat en efter it stjoer skood is. Hy hellet stadich de portefeuille út 'e bûse, sjocht noch efkes, hoeher as de frou is en fernimt, dat se de auto ounslein hat. Hy beart, dat er betelje sil, mar dan ynienen ropt er tsjin 'e frou: 'Jou gas!' De auto sjit útein, de man klapt de portefeuille ticht, hy stoot efter de auto oan en de Surinamers wer efter him. De frou hâldt yn, hat ridendewei de rjochterdoar al iepen dien, de man poft der yn en dêr geane se. Mar ûnder it fuortriden hearre se gerommel en gestommel efter oan 'e auto, en in freeslik geraas en gejammer. Mar se sjogge net om, de frou jout noch mear gas en it wurdt stil efter har.
De jûns healwei sânen kamen se te Ljouwert yn it Aldlân, dêr't se wenje. De man rint om 'e auto hinne, dêr efter by de kofferbak is wat, liket him ta. Hy docht it lid omheech, en . . . hy fynt in stik donkere earm mei in hân en dêr in boksbûgel oari'.
No, ik sei tsjin Titia: 'Wat is dit ferskriklik Ik begryp it net, en is de polysje ek ynskeakele?' 'Ja', sy seit, 'se ha fuortdaalk de polysje skille'. Mar fierder wist Titia ek net, hoe't it gien wie. Ik frege noch: 'Is it wol wier?' 'Ja', sy seit, 'dat haw ik mysels ek al ôffrege. Dêrom ha 'k ek direkt tsjin Johan—it haad fan har skoalle—sein: Is dit wier? Ja, seit Johan, it is wier, want ik ken de âlden en dy soenen sa'n jonge net sa mar wat wysmeitsje. Dat it is wier bard, hear!' Dat ik haw it leaud en sa haw ik it oan Harmke ferteld. En Harmke sei: 'Oh wacht ris, dat haw ik yn 'e Ljouwerter Krante lêzen!' En Harmke bearde al sa, hoe ferskriklik as it wie.
En doe in pear dagen letter skillen jo, neidat jo it wer fan har heard hienen. Doe't jo seinen, dat it in folksferhaal wie, woe my dat wol oan, mar ik tocht fuort al, ik wol besykje om in pear slaggen tebek te kommen. Hoefier kom ik?
Earst haw ik ús Titia der wer op oansprutsen. Titia is der op skoalle yn 't skoft op 'e nij oer begûn. It haad sei: 'It is perfoarst wier bard, de jonge hat it my ûndertusken ek ferteld en boppedat hat it yn 'e Ljouwerter stien'. Doe sei de kollega dy't de fyfte klasse hat: 'It is wol in bytsje nuver—in jonge út myn klasse hat presys itselde ferhaal dien'. Titia socht út, hokfoar jonge as dat wie, en it die bliken, it wie in broerke fan de oare. Doe wie se noch neat fierder. Se frege dy jonge nei it hoe en het. 'Nee', sei dy jonge, 'it is us heit en mem net oerkommen, mar ús omke en muoike'. Dat gyng dus ien slach tebek.
No, ik sei: 'Ik skilje de âlden op'. 'Nee', sei dy mefrou, 'dy omke en mnoike wienen it net, mar it is wol wier bard. Kunde fan my hat it ferteld en dêr sieten de jonges by'. Om in persoanlike reden, dy't der hjir net ta docht, woe se my it adres fan dy kunde net jaan, mar se woe der sels wol even nei fernimme, wêr't dy kunde it wei hie. Ik fertelde har, wat jo my fernijd hienen, dus dat der farianten fan dit ferhaal wienen en dat it rûnom oer de wrâld ferteld waard. 'Sjoch', sei se, 'dêr is 't al sa. Dan is der wat foarfallen, en samar wurdt it feroare en wurdt der wat omhinne flânse. Mar it is yn Amsterdam bard en it wienen Surinamers en gjin oaren'.
In pear dagen letter skille se op. Se hie der nei fernommen. 'Dy kunde hie it fan har soan, har soan hie it fan syn skoanfolk en it skoanfolk hie it fan ien dy't wurke op Wettersteat'. Fierder koe se net tebek komme. Ik koe har net oan 't ferstân bringe, dat it in folksferhaal wie, lyk as jo my ferteld hienen. 'Ja', sei se op 't lêst, 'it is in ferhaal, hear, mar it is yn Amsterdam bard en net earne oars'. Ik ha net mear besocht om te witten te kommen, wêr't de ferteller op Wettersteat it wei hie.
Ferline snein hienen wy in famyljedei. Sadwaande siet hjir in hiel grut laach, al ús bern mei oanhang Dit ferhaal kaam ek op 't aljemint, en doe sei ús Nynke—dy is learares oan in memmemavo—se sei: 'len fan dy rnemmen hat as opstel in ferhaal by my ynlevere, dat hat hjir yn 'e grûn in bult fan. Dy frou liet it foarkomme as hie se it sels belibbe.
Der wienen twa dames, dy hien en te boad ski pj en west nei Amsterdam en wienen op 'e weromreis nei Fryslân. By de kop fan 'e Ofslûtdyk stienen twa froulju te liften. De auto bliuwt stean, mar mei dat dy beide-froulju der op ta komme, of al by de auto binne, sjocht dejinge dy't efter it stjoer sit, dat it yn frouljusklean ferklaaide manlju binne. Se kin noch krekt op 'e tiid wer út 'e ein sette, se hearre noch wat efter by de auto, en as se thús binne, ik leau, as se it kofferbakslid omheech dogge, dan is dêr ek in hân mei in boksbûgel.
Pier, Nynke har man, hie likernôch itselde ferhaal heard.
Doe kamen ús bern mei noch in pear ferhalen op 'e lappen, dy't ek op 'e foarigen Iykje. Dy ferhaien hienen se fan twa kanten heard—miskien wie-it eigentlik wol ien en itselde ferhaal It hjit bard te wêzen oan 'e Kanterlânsdyk (de wei fan Lekkum oer Miedum nei GietsJerk).
It sil sa'n fjouwer jier lyn wêze, doe hie ús Titia in kameraatske, dy har âlden wennen yn Gietsjerk Har heit riidt op in jûn oer de Kanterlannen. Hy is sawat by de Kanterlânsbrêge—it wie al tsjuster—en hy tinkt, dêr leit in frouminske oan'e kant fan 'e dyk! Hy stoppet, stapt út en rint der op ta. Wat sjocht er? It is net in minske, mar in etalaazjepop. En mei tinkt er: dit doocht net! En mei sjocht er ek al in man op him ta kommen. Hy kin noch krekt yn 'e auto sjitte; hy klapt de doar ticht en riidt fuort. Thús, foar de garaazje—hy sil de doar iependwaan en dan tinkt er, wat fyn ik dêr? Hy docht it Ijocht op en dêr sjocht er trije fingers. Dy moatte fan dy keardel west ha dy't mei kweade bedoelingen op him ta kaam. Dy sil noch besocht ha om de man yn 'e auto oan te pakken.
Us Dike hie in scartgelikens ferhaal heard. Dat spile ek by de Kanterlânsbrêge. In frou út 'e Trynwâlden hie mei de auto nei Ljouwert west te boadskipjen. Doe't se weromkaam, wie it skimerich. Sy tocht, hea, wat leit dy fyts dêr eigenaardich yn 'e wâl! En dêr siet nota bene in bern noch yn it bernesitsje! De fyts lei dêr sa heal yn 'e berm Sy stoppet ek, rint der hinne en sjocht, dat it gjin echt bern is, mar in pop. Doe waard se bang, want der kaam ek al ien út 'e beamkes yn 'e wâl. Se koe noch krekt op 'e tiid wer yn 'e auto komme en op it nipperke sloech se de doar ticht. Doe't se thús wie yn'e garaazje, fûn sy ek trije fingers.
Net ien fan ús hat der destiids by stilstien, dat dit gjin wier barde ferhalen wêze soenen.

Onderwerp

BRUN 01405 - The Severed Fingers (Car story)    BRUN 01405 - The Severed Fingers (Car story)   

Beschrijving

Een familie ging boodschappen doen in Amsterdam en toen ze weer bij de auto kwamen stonden er drie surinamers omheen. Zij wilden geld hebben voor het passen op de auto. De man wilde niet betalen en de vrouw gaf snel gas zodat ze er vandoor konden. Ze hoorden nog wel even lawaai achter de auto maar keken niet om. Thuis vonden ze een afgerukte arm in de auto. Er is geprobeerd de bron van het verhaal te achterhalen, maar dit bleek niet mogelijk. Er doen allerlei variaties van dit verhaal de ronde.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.288-291

Commentaar

5 oktober 1978
Zie voor dit verhaal J. van der Kooi in: Hjir 1977, nr.6, s.11-12 en 1978, nr.4, s.30-31; Portnoy, s.117
The Severed Fingers (Car Story)

Naam Overig in Tekst

Titia    Titia   

Harmke    Harmke   

Johan    Johan   

Wettersteat    Wettersteat   

Nynke    Nynke   

Pier    Pier   

Gietsjerk    Gietsjerk   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Amsterdam    Amsterdam   

Suriname    Suriname   

Friesland    Friesland   

Afsluitdijk    Afsluitdijk   

Kanterlânsdyk    Kanterlânsdyk   

Lekkum    Lekkum   

Miedum    Miedum   

Kanterlânsbrêge    Kanterlânsbrêge   

Trynwâlden    Trynwâlden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20