Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE280 - De reis fan har libben

Een broodjeaapverhaal (boek), maandag 04 september 1978

Hoofdtekst

De reis fan har libben
Der wie ris in jong spantsje — ik leau, dat se fan 't Hearrenfean kamen, of
teminsten út dy omkriten. It wie yn 'e tiid, dat sawat elkenien nei Spanje op fakânsje gong.
Dat pearke hie noch net safolle bûtenlânske reizen makke; se fertsjinnen allebeide, bern wienen der noch net, dat se ornearren, sy soenen ek mar ris nei Spanje. In auto en in karavan hienen se ek al oersparre, dat wat lette har?
Doe sei it jong frommiske: 'It soe wol aardich wêze, as wy ús mem dan meinamen. Dy hat noch noait oer de grinzen west, ja amper bûten Fryslân'. De jongeman hie der ynearsten it measte net mei op, mar och, as men troud is, moat men inoar wat skikke, sa is 't yn 't libben. Boppedat, skoanmem wie ek sa'n ûnbrûklik minske net. Dat hy sei: 'Toe mar, dat dogge we dan'. Mem wie wol mei it oanbod fergulde; se frege noch al: Soe dat wol kinne? It kostet al sa'n heap'. Mar de jongelju rekkenen har foar, it koe lije, dat nei in bytsje oanstean sei mem ja, en njonkenlytsen, se krige der wat langer wat mear sin oan.
Trijerisom reizgen se nei Spanje, en it âld minske koe der net oer út, safolle nijs en safolle moais seach se. Se wie der oerémis fan. De dochter sei al: 'Mem moat it kalmer oan dwaan', mar it joech allegear neat; foar mem wie it no ien kear de reis fan har libben.
Oan alle goede dingen komt in ein, ek oan in fakânsje. Doe't se de weromreis oannamen, telde de skoansoan nei, wat der noch yn 't knipke siet, en doe sei er: 'As wy no de lêste nacht dat wy yn Spanje binne ris yn in hotel sliepten, dan hie mem dat ek ris belibbe'. Dat koe gjin kant út, bearde skoanmem, mar de dochter sei: 'Kom, kom, dat dogge wy; dan wit mem ek, hoe't it yn sa'n hotel om en ta giet'.
Se rieden de hiele dei en net al te fier fan 'e grins dêr seagen se in knap hotel. Der wie plak, en de auto mei de karavan wie op it parkearplak wol romte foar. Se brûkten wat, of se ieten wat en doe waard it njonkenlytsen bêdtiid. Op 'e sliepkeamer sei de âld frou: 'Och hea, no ha 'k alles meinommen, mar myn piama leit noch yn 'e karavan'. Ien fan 'e jongelju soe der om út, mar mem sei: 'Nee, jou my de kaai mar even, ik wit krekt, wêr't er leit'. De twa oaren bleauwen yn 'e hotelkeamer, mar doe't mem mar net weromkaam, sei de jonge frou: 'Wat bliuwt se lang wei — wy meie wol ris sjen'. Sy yn 'e karavan sjen, en och heden, dêr lei mem! De emoasjes of de drokten hienen grif tefolle west. Om in dokter sjen hoegde net mear, de dea koenen se sels wol konstatearje. It soe wol in hertferlamming west ha.
Ferslein sieten de jongelju der by. Hoe moast dit allegear? Sy skriemde, hy seach foar de twadde kear yn it knipke. Hy liet har efkes útsnokkerje, doe sei er: 'Ik ha wol ris heard, hjir yn Spanje hawwe se, as der in bûtenlanner stjert, in hiele bulte fiven en seizen. It ferfier fan in Iyk dat hâldt noch al wat yn, en it kostet ek in fermogen. Dat wurdt moarn wat. Wy moatte sjen, dat wy der it ien of 't oare op fine'. Hawar, se skikten mem terjochte op it bêd yn 'e karavan en bestoppen har sa goed ûnder tekkens, lekkens en kessens, dat it gjin each joech.
Se gongen werom nei de hotelkeamer. Ja, se moasten doch mar op bêd, mar it sliepen waard net folle. Hyltyd mar prakkeseare en oerlizze, en op 't lêst waarden se te riede, it wie fierwei de baas en nim mem sels mar mei. Sjen, sa hurd mooglik thús te kommen. De frou sei: 'Ik kin it bêd yn 'e karavan wol sa opmeitsje, dat gjinien der wat besûnders oan sjocht. As it by de grinzen sa giet as op te hinnereis, dan krije we neat gjin lêst'.
No, betiid wienen se wol de oare moarns, mar doe't se rnei har spullen op it parkearplak kamen, seagen se raar op — de hiele karavan miste efter de auto wei! Dy wie de nachts stellen en se hawwe him noait wersjoen. Sadwaande witte se oant hjoed de dei ta noch net, wêr't it Iyk fan 'e âld frou te lâne kommen is.

Onderwerp

BRUN 01100 - The Runaway Grandmother    BRUN 01100 - The Runaway Grandmother   

Beschrijving

Een jong stel neemt moeder mee op vakantie naar Spanje. De laatste nacht brengen ze door in een hotel. De oude dame krijgt een hartaanval als ze haar pyjama uit de caravan haalt. Het stel besluit het lichaam zelf mee terug naar Nederland te nemen, en het daar pas aan te geven. De volgende ochtend blijkt de caravan, met de dode moeder erin, gestolen te zijn.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.292.

Commentaar

4 september 1978
Andere versies bij Ethel Portnoy en Peter Burger
The Runaway Grandmother

Naam Overig in Tekst

Herenveen    Herenveen   

Naam Locatie in Tekst

Spanje    Spanje   

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20