Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE285 - Ik ha 't adres yn 'e bûse

Een sprookje (boek), dinsdag 30 september 1975

Hoofdtekst

Ik ha 't adres yn 'e bûse
Yn myn jonge jierren sutele ik as bakker ek wol yn 't Fean (it Hearrenfean) en doe hearde ik dan it ferhaal fan Jelle. Jelle dat wie in man, net alte-alte, op syn heechst trijekwart. Hy hie in kroaike, sa'n plat kroaike, en dêr besoarge er foar dizze en jinge dan wol spullen mei by de minsken.
No hat men altyd minsken, dy ha nocht oan ûnnocht, en om in fyt mei sa'n ûnnoazelen út te heljen, dat skynt moai wurk te wêzen. Men hie foarhinne fan dy grutte tienene kuorren en dêr ferfierden se dan hinnen en einen of 't iene of 't oare yn. Sa'n koer hie Jelle op 'e kroaie, mei einen der yn, dy moast er hjir of dêr ôfleverje.
Underweis wie der ien, dy hâlde Jelle oan en rekke mei him oan 't ferhaal. En dy luts wilens de skúf iepen en ja, dy einen, de iene mei de oare klettere der út en fuort. Mar doe't dat ienkear geande wie, doe wie it de man dy't it dien hie doch te raar en hy en oaren der efteroan, om dy einen wer te fangen. Want ja, Jelle moast se ôfleverje, no?
Mar Jelle sels dy stie der by te laitsjen. Doe seinen se: 'Jelle, blikstiender jonge, do kinst ek wol even helpe!'
Jelle sei: 'Se komme wol werom, want ik ha 't adres yn 'e bûse'.

Onderwerp

AT 1296B - Doves in the Letter    AT 1296B - Doves in the Letter   

ATU 1296B - Doves in the Letter.    ATU 1296B - Doves in the Letter.   

Beschrijving

Jelle is niet helemaal goed bij zijn hoofd, en daarom worden er nog al eens grappen met hem uitgehaald. Op een dag moet hij een kar met eenden ergens afleveren. Om Jelle te pesten, laat iemand laat de eenden ontsnappen. Dan krijgt de pestkop spijt, en probeert de beesten weer te vangen. Maar Jelle staat er bij te lachen, en doet niets. Hij zegt: "Ze komen wel weer terug, want ik heb het adres in mijn zak zitten."

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.

Commentaar

30 september 1975
Doves in the Letter

Naam Overig in Tekst

Jelle    Jelle   

Herenveen    Herenveen   

't Fean    't Fean   

Naam Locatie in Tekst

Hearrenfean    Hearrenfean   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20