Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE293 - De mûs dy't út it gatsje kaam

Een mop (boek), woensdag 09 mei 1973

Hoofdtekst

De mûs dy't út it gatsje kaam
Dit ferhaal moat wier bard wêze. In man en in frou sieten noflik tegearre te praten en doe ynienen komt der in mûske oan snjitten. No woe it gefal, dat der twa gatsjes yn 'e keamersflier sieten. De frou sei, en se wiisde op it iene gatsje: 'Sjoch Jan, dêr komt in mûs út dat gatsje wei!' 'Nee', antwurde Jan, 'hy komt út dát gatsje', en hy wiisde op it oare. 'Hoe krijst it yn 'e plasse', sei de frou wer, 'hy komt út dit gatsje'.
Dêr krigen se goed heibel om en it gong by dit en by dat en by heech en by leech. Noait woe de iene de oare tajaan; se kreauden of se stumen en wrokken. Fan dy tiid ôf koenen se meiïnoar as hûn en kat.
Op in kear hienen se dominy mei in âlderling op hûsbesyk. Dat hie men dan foarhinne, dan hâlden se sa'n rûntocht. Doe sei it minske: 'No moat dominy ris begripe. Wy hienen noait gjin drokte, mar no ha wy earmoed krige om in mûs. Want sjoch' — en se wiisde — 'der kaam in mûs út dat gatsje!' 'Dat Iychste!' rôp de man, 'hy kaam út dit gatsje!' En dêr sieten se inoar wer yn 't hier.
Dominy hie dat in setsje oanheard, doe sei er: 'Mar minsken — jim moatte jim ferstân brûke! Wat jout dat no, út hokfoar gatsje as dy mûs kaam! Dat seit doch neat!' 'Och', sei dy man, 'it is eigentlik ek sa, dominy. Dat lit ús der no mar net mear oer prate'.
It hûsbisyk wie ôfrûn. Doe't se tegearre wienen, sei de man: 'Ik bin mar bliid, dat dominy en dy âlderling hjir efkes west ha, want oars hie it wol raar gean kind'. 'Ja', stimde it wiif mei, 'dêr hast gelyk oan. Mar sjoch, ik hie 't klear sjoen: hy kaam út dát gatsje'.
En los wie 't wer.

Onderwerp

AT 1365G* - Rats or Mink    AT 1365G* - Rats or Mink   

ATU 1365E - The Quarrelsome Couple.    ATU 1365E - The Quarrelsome Couple.   

Beschrijving

Een echtpaar maakt ruzie over de vraag uit welk van twee gaten in de vloer een muis is gekropen. De dominee komt op bezoek, en sticht vrede. Maar de vrouw wil uiteindelijk toch het laatste woord hebben, en zodra de dominee vertrokken is, begint het paar weer te ruzieën.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.

Commentaar

9 mei 1973
Rats or Mink

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20