Hoofdtekst
Sels de beam útsykje
Sa wie der ek in man, dy kaam foar de rjochter en hy krige de deastraf. Hy moast ophongen wurde. Hy mocht noch in lêste winsk dwaan en doe frege er de rjochter: 'Mei ik dan sels de beam útsykje dêr't ik oan ophongen wurd?' 'Jawol', sei de rjochter.
Doe gongen se de bosk yn en de man rekke op syn manier oan 't sykjen. Mar hy karde alle beammen ôf: De iene wie him te heech en de oare te leech. Dizze wie te rjocht en dy te krûm. Op't lêst seinen se: 'Mar sa krigest noait gjin beam'. 'Jawol', sei er, 'ik fyn him aansent wol'. Mar se reizgen oeral by lâns en noait wie him ien nei 't sin. Op't langelêst ferlearen se har geduld en doe ha se him mar rinne litten.

Onderwerp
AT 1587 - Man Allowed to pick out Tree to be Hanged on   
ATU 0927D - Man Allowed to Pick Out Tree to Be Hanged On.   
Beschrijving
Een man wordt door de rechter veroordeeld tot de doodstraf door ophanging. Als laatste wens mag de man de boom uitzoeken waaraan hij opgehangen zal worden. De man keurde echter alle bomen af. De ongeduldige bewakers lieten hem vervolgens maar lopen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.325-326
Commentaar
24 november 1971
Man Allowed to Pick out Tree to be Hanged on
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20