Hoofdtekst
De katechismusfragen
Skippers farre altyd salang as se kinne. Allinne as der iis yn 'e feart is, moatte se fan need oan 'e wâl lizze. It wie wer winter en doe rekke Jan, in skippersjonge, nei 't fraachlearen. Dy jonge wie net bêst thús yn 'e bibel. Hy krige wol in fraachleardersboekje mei fan dominy, mar dêr koe er net folle mei wurde, want mei't er hast net op skoalle gongen hie, koe it mei syn lêzen ek al gjin sprekken lije. Dominy die him ferskate fragen, mar krige der net folle út. Op't lêst frege er: 'Jan, wa hat de himel en de ierde skepen?' Doe't Jan dat ek net wist, krige er in skrobearring. 'No freegje ik dy it alderienfâldichste dat ik freegje kin, en dat witst net'. 'Ja, ho ris', sei Jan, 'kin dominy my sizze, hoe't it Langerak rint?' Dat wist dominy net.

Onderwerp
AT 1832D* - How Many Sacraments are there?   
ATU 1832D* - “How Many Sacraments Are There?”   
Beschrijving
Een schippersjongen kan een simpele vraag van de dominee niet beantwoorden. De schippersjongen betaalt de dominee met gelijke munt door iets te vragen wat de dominee niet weet.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.363-364
Commentaar
13 december 1972
How Many Sacraments are there?
Naam Locatie in Tekst
Langerak   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20