Hoofdtekst
De katechismusfragen
In dominy frege op it fragelearen oan ien fan'e boerejonges, hoefolle boeken der meiïnoar yn it Alde en it Nije Testamint wienen. Dat hie de jonge witte moatten, mar hy wist it net. Dan moast er it him de oare kears mar fertelle, sei dominy. Thús die de jonge syn heit deselde fraach. Nee, de heit wist it ek net. 'Mar wy kinne se wol even telle', sei dy. Dat dienen se ek, mar doe't dominy him der nei frege, sei er: 'Ja, ik sil 't wol fertelle, mar no woe 'k dominy earst wol in tsjinfraach dwaan—wit dominy ek, hoefolle tinen oft der yn in eide sitte?' Dat wist dominy net. Doe sei de jonge: 'As dominy my dat no yn nije wike fertelt, dan sil ik wol sizze, hoefolle boeken as der yn 'e bibel binne'.

Onderwerp
AT 1832D* - How Many Sacraments are there?   
ATU 1832D* - “How Many Sacraments Are There?”   
Beschrijving
Een dominee vraagt tijdens catechisatie aan een boerenjongen uit hoeveel boeken het oude en het nieuwe testament bestaat. De jongen vraagt het aan zijn vader, maar die wist het ook niet. De volgende week moest de jongen het vertellen, maar in plaats van het antwoord te geven stelde de jongen de vraag aan de dominee hoeveel tanden er aan een eg zitten. Pas bij een goed antwoord zou de jongen de dominee antwoorden.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.363-364
Commentaar
8 juni 1972
How Many Sacraments are there?
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20