Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE380 - De grutte koal

Een mop (boek), woensdag 02 mei 1973

Hoofdtekst

De grutte koal
It moat yn Tsjom ris foarfallen wêze. Der wienen in stik of fiouwer losse arbeiders, moai jierrige mannen. Dy stienen gauris by Piter weinmakker op 'e Boppebuorren. Simmerdei kamen se net, dan wie der altyd wurk. Mar as de fruchten út 'e grûn wienen, tusken sinteklaas en krysttiid bygelyks, de dagen op it koartst, dan mochten se dêr graach wat stean, want se fielden har dêr thús. Se gongen ek wol nei de smid ta, sa winterdei. De smidte hie foar, dat it dêr waarmer wie as yn 'e weinmakkerij, dêr soarge it smidsfjoer wol foar. Mar de smid wie wat in foars man. Dy stjoerde har fan it iene plak nei it oare. 'Kinne jim net sjen, dat ik der by moat!' Piter weinmakker, in âldfeint, wie folle gemoedliker. Dy sei: 'As jim dêr no stean gean, mannen, dan kin ik wol wat trochpiele'.
Der wie net altyd likefolle praat. Soms wie it praat om praat te hâlden. Op in kear sei Klaas: 'Ik ha gâns grouwe koal op Truerd. Och jonge, wat binne dat ein koalen'. It makke amper petear los. 'Soa, soa', of, 'no ja'. Allinne Sytse heakke der op yn. Sytse Rottekrûd hjitte er sa troch in dei. Der waard sein, dat er as feint in kear besocht hie om himsels fan kant te meitsjen mei rottekrûd. As men ien kear sa'n bynamme hie, hâlde men dy jins libben lang. 'It kin wêze', sei Sytse, 'mar ik ha 't ris hân . . .' De mannen stieken de earen op—as Sytse Rottekrûd 'ik ha 't ris hân'sei, dan kaam it! 'Ik ha 't ris hân op 'e Mâle Achte; ik—of leaver ús heit, want ik wie noch mar in foech jonge fan in jier of fjirtjin—wy hienen der biten yn siedde. Mar ja, it wie tusken de maaien en glûpende kâld en skrok. Dat dy biten waarden neat'.
'Wat wurdt dêr wol wat?' sei grouwe Marten—'op dy Mâle Achte wol ommers neat'.
'Dat moatst net sizze—as it spul ien kear de guit hat, dan is dat op'e Mâle Achte oars wol goed'.
'Mar om de guit te krijen . ..'seinen de oaren.
'Hawar, dy biten wienen fertutearze, en doe ha wy der koal yn plante. Ja, en dy koal, jonge, dy foel der yn. Der kaam in fikse tongerbui op, dat dy koal die it sa goed, it wie besûnder—dingen, dingen! Mar ien wie der by, dy rûn der hielendal út. Almeugend, sa'n ein koal. De hjerstmis moast hy der wei. Us heit hie in kroade, mar och heden, dêr koe er lang ende lang net yn. In boerewein koe him net hâlde'.
'Heden, heden', sei Pyt Skower, 'dan hienen jim dêr it healjier wol iten oan'.
'Dat hienen wy ek, mar om him der wei te krijen . . .'
'No, dan hie'k him stikken snien', kaam Pyt wer.
'Nee, dan hie er net duorje kind. Dat wy ha him mei in pear efterbinen de dyk lâns sleept en sa nei hûs ta'.
Piter weinmakker hie krekt in tsjil yn 'e skroefbank Hy seach even op. 'It is ek sa', sei er, 'no komt it my yn 't sin. Ik wie noch mar in jonge—hoe lang is it wol net Iyn, hast wol fyftich jier, tink ik. Us heit wie hjir weinmakker en dy hat doe noch in kroade makke. Dat wie in grutten! Unbidich! Sjoch, de doarskezinen sitte oan wjerskanten noch ynsnijingen yn, dy ha wy doe útfike. Mei passen en mjitten en hâlden en kearen ha wy doe dy kroade der út krige'.
'Yn 'e goedichheid, man', sei Sytse Rottekrûd, 'wêr moasten se no sa'n bakbeest fan in kroade foar brûke?'
'Dat is fansels—om dy bombidige koal fan jimmes fan 'e Mâle Achte te heljen. Hy hie der yn kinnen, mar it hoegde net mear'.

Onderwerp

AT 1920A - "The Sea Burns."    AT 1920A - "The Sea Burns."   

ATU 1920A - “The Sea Burns.”    ATU 1920A - “The Sea Burns.”   

Beschrijving

Een paar oudere arbeiders komen bij elkaar om sterke verhalen te vertellen. Marten had eens een hele grote kool gevonden. Sytse Rottekrûd vertelde dat toen hij jong was een enorme kool had gevonden. Met een touw kon de kool langs de dijk naar huis worden gesleept. Piter, de wijnmaker, vertelde dat zijn vader een hele grote kruiwagen had gemaakt. Toen Sytse vroeg waarom hij dit had gedaan, grapte Piter dat deze bedoeld was om die enorme kool van hem te vervoeren. Alleen hoefde het niet meer.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.370-371

Commentaar

2 mei 1973 en 15 juni 1973
"The Sea Burns"

Naam Overig in Tekst

Sytse Rottekrûd    Sytse Rottekrûd   

Piter    Piter   

Pyt Skower    Pyt Skower   

Marten    Marten   

Mâle Achte    Mâle Achte   

Naam Locatie in Tekst

Tsjom    Tsjom   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20