Hoofdtekst
Baas boppe baas
Op in kear rûn Jelle de Wal mei in ploechje kornútsjes, dêr wie âlde Katrinus van Balen ek by. Dy koe ek in grouwenien stâle. Se hienen it oer snoeken. Sterke stikken geane yn 't wetterlân in bulte oer snoeken. 'Ik ha 't ris hân', begûn Jelle, 'doe fong ik in snoek fan ienentritich pûn en doe't ik him opsnijde, hie er in snoek fan sechstjin pûn yn 'e bealich'. Dat wie in sterk stik fansels, want as men sechtjin fan ienentritich ôf docht, bliuwt der mar fyftjin oer, en hoe kin in snoek fan fyftjin pûn ien fan sechstjin yn 'e bealich ha? Ik tink, dat de harkers de ûnmooglikheid fan it ferhaal wol ynseagen, mar fan Jelle namen se soks.
'Watsto no fertelst', naam van Balen it wurd oer,'der binne guon, dy leauwe soks net. Mar ik wit, dat it wier is. Want ik ha 't in kear hân, doe fong ik in snoek. Ik snie him iepen en dêr fljocht my in ein út, dy hie dêr fan binnen sitten te brieden op in nêst mei tolve aaien'.
Sa pesjantele de ploech fierder. It ferhaal is âld en belegere, mar se bearden allegearre, dat se it leauden. Katrinus van Balen fertelde troch, hy hie noch in pear sterke stikken, en doe swaaide er by it keppeltsje wei. Doe't er út it gehoar wie, sei Jelle: 'Wat kin dy fint lige. Dêr is no net ien wurd wier fan wat er fertelt'.

Onderwerp
AT 1960b - The Great Fish   
ATU 1960B - The Great Fish.   
Beschrijving
Jelle de Wal vertelt dat hij een snoek van eenendertig pond heeft gevangen waar een andere snoek van zestien pond in zat. Katrinus van Balen vertelt dat hij een snoek ving waar een andere snoek inzat die op twaalf eieren aan het broeden was.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 393
Commentaar
2 september 1978
The Great Fish
Naam Overig in Tekst
Jelle de Wal   
Katrinus van Balen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20