Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ002323

Een sage (mondeling), zaterdag 10 april 1954

Hoofdtekst

By de Rotten op it Wytfean (de famylje Veenstra) woarden twa hynders forkocht foar f600,- oan in Burgumer.
De boer brocht de hynders nei Burgum ta en sette mei it jild werom op hûs ta. Op 'e Sumarre wei tusken Sumar en Eastemar - sjocht er twa man oankommen. Dat liket him net goed ta, dat hy krûpt ûnder in omkearde boat, dy't dêr tsjin in peal oan leit. It tafal wol dat de beide mannen dêr krekt stean bliuwe. En dan heart er dat it twa fan syn eigen arbeiders binne en dat se it op syn jild forsjoen ha, dat er krekt bard hat.
As de beide mannen de kant fan Sumar opgeane en al in goed ein fan 'e boat ôf binne, krûpt de boer wer tofoarskyn.
De oare deis komme de arbeiders, lyk as altyd. Sy melke en fuorje en as it tiid is fan kofjedrinken komme se yn 'e keamer.
Mar dan giet de boer nei 't kammenet ta, telt de beide mannen it lean út, dat se noch barre matte, en jowt har dien.
"Hwat nou?" sizze dy mannen, dy't der sabeare neat fan bigripe. Mar de boer seit oars neat as dat se dien krigen ha.

Onderwerp

VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot    VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   

Beschrijving

Een boer heeft twee paarden verkocht en loopt met de opbrengst naar huis, wanneer hij twee mannen aan ziet komen. Hij vertrouwt het niet en verstopt zich. Het blijken twee van zijn knechten te zijn, die zijn geld willen stelen. De volgende dag krijgen de knechten zonder pardon ontslag.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 23, verhaal 23

Commentaar

10 april 1954
De man onder de omgekeerde boot

Naam Overig in Tekst

Veenstra    Veenstra   

Naam Locatie in Tekst

Rotten    Rotten   

Wytfean    Wytfean   

Burgum    Burgum   

Sumarre    Sumarre   

Sumar    Sumar   

Eastermar    Eastermar   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21