Hoofdtekst
Yn ien fan 'e polderketen dy't oan 'e Geeuw stienen wie in berntsje forstoarn. 't Wie yn 'e winter en der lei allegear iis. Hja koenen net mei 't lykje nei 't Wêst ta farre, der moest earst iis weislein wurde. Doe't se dêr mei dwaende wienen, kom âlde Martens Ale by har en dy sei: "Jimme hoege it iis der net wei to slaen. Ik ha 't al sjoen. It iis is al fuort as it bern op 't hôf komt."
It wie ek sa, de oare deis tijde it sa bot, dat suver alle iis rekke fuort. Martens Ale wie mei de helm geboaren.
Yn 't West wie in bern, dat altyd siik wie. Doe hellen se Ale der by. Ale sei doe't se it bern sjoen hie: "Ik kin jim dit wol sizze: it bern is bitsjoend. Mar ik kin fierder neat foar it bern dwaen. Jimme matte de duvelbander der by helje." Doe binne se nei Piter Poes fan Sumarreheide tagong en dy hat makke, dat it bern wer better woarn is mei allerhande kunsten.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Er lag op een winter veel ijs, zodat een gestorven kindje niet over het water weggebracht kon worden. Maar wanneer het ijs weggehakt gaat worden, zegt een heks dat het niet hoeft, want het gaat toch dooien. Deze voorspelling komt uit, want de heks is met de helm op geboren. Ook wordt zij er een keer bijgehaald om een ziek kind te genezen, maar zij stelt voor een duivelbanner te halen, want het kind is betoverd.
Bron
Corpus Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 24, verhaal 1
Commentaar
31 maart 1966
Das zweite Gesicht
Naam Overig in Tekst
De Geeuw   
't Wêst   
Martens Ale   
Piter Poes   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21