Hoofdtekst
Der wienen in boer en in feint. Dy sieten op in joun by elkoar mei in eintsje kears, dat brânde. De boer seach tige binaud.
"Hwat skeelt jo?" frege de feint.
Doe fortelde de boer him, dat er syn siele forkocht hie oan 'e duvel. Dêr hied er jild foar krigen. En nou soe de duvel him aenst helje, as it eintsje kears ôfbrând wie.
"Nou," sei de feint, "dat is ommers suver neat net slim."
"Hoedat sa net", sei de boer.
De feint naem it eintsje kears en blaesde it út. Doe sei er: "ik yt it op, dan kin de duvel der nei fluitsje."
En tagelyk stuts er it yn 'e mûle.
Doe koe de boer syn siele bihâlde.

Onderwerp
AT 0330 - The smith outwits the devil   
ATU 0330 - The Smith and the Devil   
Beschrijving
Een boer en een knecht zitten bij elkaar. Er brandt een kaars en de boer is bang. Hij heeft zijn ziel aan de duivel verkocht en die komt hem halen als de kaars opgebrand is. De knecht pakt daarop de kaars, dooft hem, en eet hem op. De duivel kan naar de ziel van de boer fluiten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 27, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
april 1966 (?)
The Smith Outwits the Devil
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21