Hoofdtekst
Sibe Tsjits yn Aldegea wie ek in tsjoenster. Dy moest tsjoene. As se net in minske bitsjoene koe, dan gong se nei in skiep. Dêr gong se strampele oerhinne stean, dan helle se de kop fan it beest nei achteren ta en dan nom se hwat út har eigen mûle wei, dat se it skiep ta de bek yn treau. Sa bitsjoende se skiep.
Wy mochten as bern noait hwat opite, dat Sibe Tsjits ús joech. Der hat us in jonge in boadskip foar har dien. Doe krige er trije pepermuntsjes ta bileanning. Mar dy jonge iet se net op, hwant dat hie syn mem him goed yndruid. Hy lei se op in thépantsje en die dêr in oar thépantsje boven op. Doe't hy der de oare deis nei seach leinen der trije podtsjes yn it pantsje.

Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
Een heks moest toveren: als ze geen mens betoverde, dan betoverde ze wel een schaap. Je mocht ook niets eten wat je van haar kreeg, want ze veranderde pepermuntjes in padden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 28, verhaal 17 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
14 april 1966
Andere Zauberei
Naam Overig in Tekst
Sibe Tsjits   
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21