Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003201

Een sage (mondeling), november 1955

Hoofdtekst

Der libbe nêst jierren in boerefrou, dy forkocht wol bûter oan dizze en jinge. Mar sy rekke oan it sukkeljen en sy stoar.
Nei in skoftsje seinen de lytse bern tsjin 'e widner: "Heit, wy ha mem sjoen." De boer sei: "Né, dat bistiet net." Mar de oare deis seinen de bern it wer, en dat gong sa in hiele tiid. Har forstoarne mem kom al mar tichterby.
Op it lêst krige de boer har sels ek to sjen. Doe woarde er bang. Hy fortelde it oan 'e húshâldster en sei: "Soenen jo har oansprekke wolle en freegje har bigearte?"
De húshâldster hie dêr neat op tsjin en doe't de frou dan wer to forskyn kom, frege se: "Hwat dogge jo hjir?"
De frou joech dêr net in antwurd op, mar sy frege op har beurt: "Wolle jo folbringe hwat ik jo opdraech?"
"As it yn myn formogens leit, dan graech", sei de húshâldster.
Doe fortelde de boerinne, sy hie oan dy en dy minsken, oan hwa't se bûter forkocht hie, it folle gewicht net jown. As de húshâldster nou it tokoart by dy minsken oanfolje woe, dan krige sy rêst.
De húshâldster biloofde dat en die hwat de frou har hiten hie. Sûnt ha se de frou net wer sjoen.

Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Boerin die te weinig boter gaf bij verkoop, vindt na haar dood geen rust. Na verschijning aan haar kinderen en haar man vraagt die aan de huishoudster haar te vragen wat haar wensen zijn. De vrouw vraagt de tekorten aan te vullen. Na vervulling van de wens is de vrouw niet meer verschenen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 32, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

november 1955
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21