Hoofdtekst
Yn 'e Hamsterheide wie op in jountiid let in man allinne op in paed. Ynienen seach er, dat der in frommes foar him op roan, en doe't er better taseach, miende hy dat it syn frijster Griet wie. Hy tochte ik rin hwat hurder, dan kin ik mei har oprinne. Mar hoe hurder hy bigong to rinnen, hoe hurder ek hja it op in rinnen sette. Nou en dan seach se om en dan lake se. Hy bigong noch hurder to rinnen. Mar doe gong se fan 'e wei ôf en roan op in sângat ta. De man der achteroan. Mar hwat er doe yn dat sângat seach, hat er noait sizze wold. It wie gjin minske. (yn potlead stiet der by: 't wie de duvel; de oare deis wienen der gjin spoaren fan)
Hy gong nei it hûs dêr't Griet wenne. De âldelju wienen noch net fan kant, mar Griet wie de jouns fuort nei iten al op bêd gien.
Hy gong nei it hûs dêr't Griet wenne. De âldelju wienen noch net fan kant, mar Griet wie de jouns fuort nei iten al op bêd gien.
Beschrijving
Man ziet 's avonds op weg naar huis een vrouw lopen die op zijn vriendin lijkt. Hij gaat harder lopen om samen te kunnen lopen, maar ook de vrouw gaat harder lopen. De vrouw lopt naar een zandgat. Wat de man in het zandgat heeft gezien wil hij niet vertellen. Hij gaat naar het huis van zijn vriendin waar hij van haar ouders hoort dat ze meteen na het eten naar bed is gegaan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 32, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
november 1955
Uit gegevens elders blijkt dat Hamsterheide is uitgegroeid tot Harkema Opeinde.
Naam Overig in Tekst
Griet   
Naam Locatie in Tekst
Hamsterheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
