Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003308

Een sprookje (mondeling), woensdag 04 mei 1966

Hoofdtekst

Der wie ris in smid. Dy mocht trije winsken dwaen. Ien fan dy winsken wie dat deselde dy't op 'e stoel sitten gong dy't yn 'e hoeke fan 'e keamer stie, dy soe der noait wer ôf komme kinne.
Dêr hied er syn bidoeling mei. Dy stoel woarde noait brûkt. Ien winsk mocht er noch dwaen.
Nei forrin fan tiid kom de dea by him om him op to heljen.
De smid sei: "Ik mat dit en dit noch even dwaen, mar geane jo sa lang sitten." En doe wiisde er him de stoel dy't yn 'e hoeke stie.
De dea gong sitten en hy koe der net wer wei komme. Nou lake de smid hiel lûd en koed er syn gong gean. Hy hie de dea moai to grazen.
Mar doe fornaem er al gau dat it net sa maklik wie yn it libben as de dea net holp. Hwant hy soe hinnesop ite. En dêr moest er in hin ta slachtsje. Mar dy hin koed er noait dea krije, dat it sopiten gong oer. En sa wie der elke dei hwat. It woarde in forlegene boel, dat op it lêst seach de smid wol yn, dat it sa net bliuwe koe. Hy tochte: de dea moat mar wer los.
Doe died er syn lêste winsk.
De dea rekke los en koe wer oan it wurk gean.
De smid wie de earste, dy't er meinom.

Onderwerp

AT 0330A - The smith and the devil (death)    AT 0330A - The smith and the devil (death)   

ATU 0330 - The Smith and the Devil    ATU 0330 - The Smith and the Devil   

Beschrijving

Een smid mag drie wensen doen. Eén van de wensen is, dat degene die op de stoel in de hoek van de kamer gaat zitten er nooit meer af kan komen. De smid heeft hier een bedoeling mee. Als de dood komt om de smid te halen, zegt hij dat hij nog even iets moet doen en nodigt de dood uit even te gaan zitten. De dood gaat op de stoel in de hoek zitten en kan er niet meer af komen. De smid kan verder leven, maar merkt al gauw dat het erg lastig is zonder dood. Hij gebruikt zijn laatste wens om de dood te bevrijden en deze neemt de smid meteen mee.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 33, verhaal 8 (Archief Meertens Instituut)

Motief

J2071 - Three foolish wishes.    J2071 - Three foolish wishes.   

D1413.5 - Bench to which person sticks.    D1413.5 - Bench to which person sticks.   

Z111.2 - Death magically bound to tree.    Z111.2 - Death magically bound to tree.   

Commentaar

4 mei 1966
The Smith and the Devil (Death)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21